Springe nei ynhâld

Wilco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1738-1788)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 jun 2022 om 15.43 troch Drewes (oerlis | bydragen) (plaatsje)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fronton boppe de yngong fan de tsjerke fan Ferwâlde

Wilco baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (28 maaie 1738 - 24 maaie 1788) wie grytman, ûntfanger-generaal en dykgraaf fan de gritenij Wûnseradiel en deputearre fan de Fryslân.

Wibrandastate yn 1722

Schwartzenberg waard berne as soan fan de grytman fan Dantumadiel en deputearre fan Fryslân Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg[1] en fan Margaretha Maria van Gendt. Yn 1758 waard er beneamd ta grytman, ûntfanger-generaal en dykgraaf fan Wûnseradiel. Lykas syn heit wie er ek deputearre fan Fryslân. Dat ambt besette er fan 1764 oant 1773 en fan 1779 oant 1788.[2] Yn 1767 hie er de lieding oer it fannijs bouwen fan de tsjerke fan Ferwâlde. Hy wenne op Wibrandastate yn Hichtum, dy't er fan syn muoike Juliana Agatha barones thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg erfd hie.[3] In 1783 werd hij aangesteld als masterknaap yn it jachtgerjocht fan Fryslân. Hy wie ien fan de grytmannen mei de measte ynfloed fan Fryslân.

Hy stoar as frijfeint yn maaie 1788 krekt foar syn fyftichste.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Om reden fan syn kennis fan wiskunde en wurktúchboukunde Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg tegearre mei Philip Frederik Vegelin van Claerbergen belêste mei de bediking fan it Dokkumergrutdjip en mei de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen
  2. Naamlijst Gedeputeerde Staten van Friesland 1577-1795
  3. Stinsen in Friesland: Wibranda State te Hichtum