Anita Andriesen
Anita Andriesen | ||
politikus | ||
echte namme | Anita Margaretha Andriesen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 4 juny 1957 | |
berteplak | Sint-Anne (Fryslân) | |
stjerdatum | 3 desimber 2008 | |
stjerplak | Aldebiltsyl (Fryslân) | |
etnisiteit | Biltsk | |
partij | PvdA | |
lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1995 – 2002 | |
deputearre fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2002 – 2008 |
Anita Margaretha Andriesen (Sint-Anne, 4 juny 1957 – Aldebiltsyl, 3 desimber 2008) wie in politikus fan de Partij van de Arbeid en lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân.
Andriesen waard berne yn 1957 en groeide op yn Sint-Anne. Sy wie foardat sy aktyf waard yn de provinsjale polityk fan Fryslân sekretaris fan de Waddenadviesraad. Yn 1995 waard hja keazen ta lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 2002 waard se deputearre fan de provinsje Fryslân. Andriesen sette har yn foar it behâld fan de kwaliteit fan de romte fan it Fryske lânskip. Se wenne yn de doetiidske gemeente It Bilt.
Andriesen wie troud en hie trije bern. Sy ferstoar op 3 desimber 2008 yn de âldens fan 51 jier leeftiid yn har wenplak Aldebiltsyl oan de gefolgen fan boarstkanker.
Oantins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de seedyk by Swarte Harne waard in monumint foar har oprjochte. Arsjitekt Gunnar Daan hat twa sitbanken makke fan 7,5 meter lang. De beide banken steane oan wjerskanten fan de dyk. Ien bank foar it útsicht oer it Biltske lân en de oare bank oer it waad. Anita Andriesen mocht graach útwaaie en by de dyk lâns rinne.
Ta har oantinken waard yn Appelskea in reade bûk plante.
Ek is der in slûs nei har ferneamd, de Anita Andriesenslûs yn Alde Leie. Alhoewol't de slûs yn de doetiidske gemeente Ljouwerteradiel (sûnt 2018 gemeente Waadhoeke) leit jout dizze slûs, tegearre mei skutslûs Wierstersyl, tagong ta it Biltske part fan de noardlike Alvestêdefarrûte. As deputearre hat se dêrfoar krewearre mei ûnder oaren de belutsen wethâlders.
-
Om de kwaliteit fan de romte....
-
Twadielich monumint foar Anita Andriessen yn Swarte Haan, makke troch Gunnar Daan
-
De Anita Andriesenslûs yn Alde Leie