Hans de Boer (bestjoerder)
Hans de Boer (bestjoerder) | ||
Hans de Boer, 2016 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hans de Boer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 jannewaris 1955 | |
berteplak | Dokkumer Nije Silen | |
stoarn | 18 jannewaris 2021 | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | foarsitter fan VNO-NCW |
Hans de Boer (Dokkumer Nije Silen, 17 jannewaris 1955 - 18 jannewaris 2021) wie in Nederlânske ûndernimmer, bestjoerder en earder foarsitter fan MKB-Nederlân. Op 1 july 2014 is er foarsitter fan VNO-NCW wurden. Hy wie lid fan it CDA.
De Boer waard berne yn Dokkumer Nije Silen mar groeide op yn Wytmarsum[1]. De Boer helle it gymnasiumdiploma en studearre dêrnei ekonometry en iepenbiere finânsjen oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Dêrnei gie er oan 't wurk as wittenskiplik meiwurker. Yn de jierren tachtich wie De Boer beliedsadviseur fan it regear fan de Nederlânske Antillen. Hy wie fan 1997 oant 2003 foarsitter fan MKB-Nederland en siet fiif jier yn it deistich bestjoer fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER).[2]
Fan 2006 oant 2007 wie er foarsitter fan de Taskforce Jeugdwurkleazens en dêrnei lid fan it Innovasjeplatform dy't de ambachtsskoallen werom bringe woe yn it ûnderwiis. Ek hat er fan 2010 oant 2012 foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan it Koninklijk Nederlands Geleidehonden Fonds (KNGF) west.
De Boer wie in 2008 kandidaat foar de funksje fan boargemaster fan de gemeente Rotterdam. Neffens eigen sizzen waard er troch minister-presidint Balkenende oanrekommandearre.[3]
Op 1 july 2014 folge er Bernard Wientjes op as foarsitter fan VNO-NCW. Hy hold dy funksje oant septimber 2020. By syn ôfskied krige er de keninklike ûnderskieding Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
De Boer wie troud en hie twa bern. Op 14 jannewaris 2021 krige er in harsenblieding, dêr't er yn de nacht fan 17 op 18 jannewaris 2021 oan stoar.[4]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- CV Hans de Boer by VNO-NCW
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|