Springe nei ynhâld

Dûane (Nederlân)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 apr 2022 om 17.12 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dûane
Douane
algemiene ynformaasje
namme folút Dûane
lân Nederlânsk
haadkertier De Haach (Súd-Hollân)
oprjochte 1809
falt ûnder Ministearje fan Finânsjes
doel tafersjoch hâlden op
   yn- en útfier
offisjele webside
www.belastingdienst.nl/.../douane

De Dûane (Nederlânsk: Douane) is de dûanetsjinst fan 'e Nederlânske oerheid, dy't belêstge is mei it tafersjoch op ynfier, útfier en trochfier fan guod yn Nederlân. De wichtichste taken fan 'e tsjinst binne it ynjen fan dûanerjochten, it ûnderskeppen fan smokkele guod dêr't sokke rjochten net oer betelle binne en it oan 'e grins heinen fan ferbean guod dat smokkele wurdt, lykas drugs, wapens of swier fjoerwurk. Ek it bestriden fan minskesmokkel heart ta de taken fan 'e Dûane.

De Dûane waard yn 1809 oprjochte, yn 'e tiid fan it Keninkryk Hollân.[1] De tsjinst ressortearret bestjoerlik ûnder it Nederlânsk Ministearje fan Finânsjes. It foech fan 'e Dûane wurdt ûntliend oan 'e Algemiene Dûanewet, de Dûane- en Aksynswet BES en oan 'e status fan dûaniers as bûtengewoan opspoaringsamtner.

In auto fan 'e Dûane op Skiphol.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Digitale Reis door de Geschiedenis van Belastingen in Nederland, op 'e webside fan it Belasting- en Douanemuseum