Springe nei ynhâld

Nothing Else Matters

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 apr 2022 om 11.26 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Ferzje fan Metallica (op S&M): oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Nothing Else Matters
algemiene ynformaasje
B-kant Enter Sandman (live),
Harvester of Sorrow (live)
artyst Metallica
album Metallica (The Black Album)
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 20 april 1992
opnommen 30 maaie 1991
doer 6:28
label Elektra
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich
produsint James Hetfield,
Bob Rock,
Lars Ulrich
fideoclip
Metallica: Nothing Else Matters (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 5,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 4,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 5
sertifisearre Austraalje 5x platinum,
Eastenryk goud,
Belgje goud,
  Denemark platinum,
Dútslân platinum,
Itaalje platinum,
Nij-Seelân goud,
Sweden goud,
Grut-Brittanje platinum,
Feriene Steaten goud

Nothing Else Matters is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1991 en útbrocht op it album Metallica better bekend as The Black Album fan Metallica út 1991. Nothing Else Matters wie it achtste nûmer op it album en waard op 20 april 1992 útbrocht as tredde single fan it album.

James Hetfield skreau de tekst fan it nûmer yn 1990 by in toernee, doe 't Hetfield "him ergere dat er net thús wie". Ynearsten wie it net de bedoeling dat it nûmer útbrocht wurde soe, omdat Hetfield it foar himsels skreaun hie, mar nei 't drummer Lars Ulrich it heard hie, kaam it dochs op it album. De fideoclip toant in diel fan de tarieding fan in optreden by in toernee fan Metallica.

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Jason Newsted - Bas
  • Lars Ulrich – Drums

Ferzje fan Metallica (op S&M)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nothing Else Matters
algemiene ynformaasje
B-kant For Whom the Bell Tolls (S&M ferzje)
artyst Metallica
album S&M,
Metallica (The Black Album)
taal Ingelsk
sjenre Symfoanyske Rock
útbrocht 22 novimber 1999
opnommen 21-22 april 1999
doer 6:47
label Elektra
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich
produsint Bob Rock,
James Hetfield,
Lars Ulrich,
Michael Kamen
fideoclip
Nothing Else Matters (S&M) HD
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 5,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 3 ,
flagge fan Belgje Ultratop 50 Flanders - 1

Yn 1999 trede Metallica twa kear op mei it San Francisco Symphony Orchestra, dizze optredens binne op it album S&M útbrocht. Nothing Else Matters wie de earste single fan dit album. De bylden fan it optreden binne brûkt yn de fideoclip.

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Lars Ulrich – Drums
  • James Newsted - Bas
  • San Francisco Symphony Orchestra

Cover fan Lucie Silvas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nothing Else Matters
algemiene ynformaasje
B-kant Better Love Next Time
artyst Lucie Silvas
album Breathe In
taal Ingelsk
sjenre Pop
útbrocht 4 novimber 2005
doer 4:36
label Mercury
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich
produsint Mike Peden
fideoclip
Lucie Silvas - Nothing Else Matters (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 12,
flagge fan Nederlân Single top 100 - 13,

Yn 2005 naam de Britske sjongeres Lucie Silvas Nothing Else Matters op foar har album Breathe In. Nothing Else Matters wie it sechsde nûmer op it album en waard op 4 novimber 2005 útbrocht as fiifde single fan it album. Yn de fideoclip spilet Lucie Silvas yn in yndustriegebiet op in spoarbrêge.

  • Lucie Silvas – Sang & Piano

Cover fan Iris Kroes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nothing Else Matters
algemiene ynformaasje
artyst Iris Kroes
taal Ingelsk
sjenre Pop
útbrocht 13 jannewaris 2012
doer 2:48
label 8Ball
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single top 100 - 16

Yn de winter fan 2011-2012 die sjongeres Iris Kroes mei oan de twadde edysje fan The Voice of Holland yn de heale finale moast se it nûmer Nothing Else Matters fan Metallica sjonge. It waard nei de útstjoering útbrocht as single en behelle de 16e plak yn de single top 100.

  • Iris Kroes – Sang & Harp