Springe nei ynhâld

Ljoubjr

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 apr 2022 om 18.09 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (flaterke)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
LJOUBJR
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Folk
bestean 2003 – No
leden
Eelke Wiegersma
Hedser Jan Tijtsma

LJOUBJR is in Fryske folkband oprjochte yn 2003.

LJOUBJR waard yn 2003 oprjochte is troch Eelke Wiegersma út Ljouwert en Hedser Jan Tijtsma fan Winsum. Ljoubjr makket mei de akoestyske gitaar ferskes dy't lizze tusken de folk en rock oant mankelike harkferskes.

As earste optreden joech Ljoubjr glâns oan de iepening fan in tentoanstelling yn it Frysk Museum. Fierder waard der spile op Aaipop yn 2004 en op ferskate strjittefestivals. Yn de simmer fan 2007 sette Ljoubjr de Tsjerketour op tou. Dy tournee besloech santjin optredens yn âlde Fryske tsjerken, yn it selskip fan de band Novelle en dichters Eeltsje Hettinga en Arjan Hut.

Yn 2005 kaam Ljoubjr mei de kompaktskiif Streamingen en yn oktober 2006 de opfolger De Sinne Giet Ûnder.

Op 17 maaie 2008 wûn Ljoubjr de Steven Sterkpriis mei de tekst 'Skreau'op it sjongfestival Liet 2008.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]