Dreieck Leer
It Dreieck Leer, (folút: Autobahndreieck Leer, koart: AB Leer) is in ferkearsknooppunt by de Eastfryske stêd Lier (Dútsk: Leer) dy't de Bundesautobahn 31 (Emden - Oberhausen) mei de Bundesautobahn 28 (Lier - Aldenburch - Bremen) ferbynt.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It knooppunt leit yn de lânkring Lier tichteby de gemeenten Moormerland en Brinkum. De stedsdielen fan Lier dy't tichteby it knooppunt lizze, binne Siebenbergen, Eisinghausen en Logaerfeld.
It knooppunt leit likernôch 20 km súdeastlik fan Emden, 65 km noardlik fan Meppen en 50 km westlik fan Aldenburch. Justjes westlik fan it knooppunt rint de A31 troch de 945 meter lange Iemstunnel.
Foarm
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De diken nei it knooppunt ta besteane út 2×2 rydstripen, wylst de ferbiningsbôgen op it knooppunt út ien rydstripe bestean. It knooppunt waard yn de foarm fan in omkeard trompetknooppunt oanlein.
Ferkearsyntinsiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It knooppunt wurdt deistich troch likernôch 38.000 reauwen brûkt.
Fan | Nei | Trochsneed deistige reauwen |
Oandiel swier ferkear |
---|---|---|---|
AD Leer | AS Leer-Ost (A 28) | 26.100 |
12,5 %
|
AS Veenhusen (A 31) | AD Leer | 22.000 |
8,7 % |
AD Leer | AS Leer Nord (A 31) | 27.800 |
10,0 %
|
Oanslutende diken | ||||
---|---|---|---|---|
nei Veenhusen, Emden, Norddeich | ||||
nei Meppen, Oberhausen Grins |
nei Aldenburch, Bremen | |||
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |