Springe nei ynhâld

Paleis It Oranjewâld

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 feb 2022 om 23.29 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Bewenners: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Oranjewoud 1724
Oranjewoud 1754
Oranjewoud 19e iuw

Paleis It Oranjewâld stie yn It Oranjewâld yn de gemeente It Hearrenfean. Op it oarspronklike lângoed binne no ferskate lânhuzen boud. It gebiet hjit no Lângoed It Oranjewâld. De oertún is gemeentlik eigendom en frij tagonklik.

It paleis waard boud yn 1676 troch prinsesse Albertine Agnes fan Nassau, widdo fan de yn 1664 troch in ûngelok om it libben kommen steedhâlder Willem Frederik fan Nassau. Hja liet yn 1676 in bûtenpleats sette op de grutte heidefjilden tusken Brongergea en Aldskoat. It hûs mei de tunen, plantsoenen, fivers, ryd- en kuierwegen krige de namme Oranjestein, wylst de oanleine bosk fan dinnen en iken, ôfwiksele troch nôt en greiden de namme Oranjewoud krige. Albertine Agnes soe der oant har dea yn 1696 wenjen bliuwe.
Har beppesizzer Johan Willem Friso, dy't yn 1707 steedhâlder waard, wo it hielendal ferbouwe ta in paleis. Hy liet ± 1708 twa grutte fleugels mei in healrûne toer oan ien fan de sydmuorren sette. De hof-arsjitekt Daniel Marot wie hjirby as arsjitekt en dekorateur belutsen. Yn de haadas kaam in grand canal , dat noch bestiet.

Troch syn jong ferstjerren, hy ferdronk yn 1711 by Moerdijk, waard it paleis nea ôfboud. Syn frou Maria Louisa fan Hessen-Kassel ('Marijke Muoi') nom syn taak oer en hâlde in soad op Oranjewoud ta. Faaks binne troch har de tunen mei kassen en de oranjery oanlein. In yn it Frysk Museum bewarre bleaune tekening fan C. Pronk út 1754 jout in goede yndruk fan it paleis út dy perioade. Nei 1747, doe't Willem Carel Hendrik Friso (Willem IV) algemien steedhâlder waard en dêrom nei De Haach ferhuze, waard it paleis sa goed as ferlitten. Maria Louisa bleau efter en stifte krekt bûten de stêd Ljouwert in lytser bûtenferbliuw: Mariënburg. Nei har ferstjerren yn 1765 wie der gjin regelmjittige bewenning mear. Yn 1777 waard it paleis noch ien kear besocht troch prins Willem V. Nei 1795 moast hy ús lân ferlitte. It paleis waard ferbeurd ferklearre en al gau op ôfbraak ferkocht. Yn 1803 en 1805 waarden de fleugels ôfbrutsen en yn 1813 de rest fan it paleis. Yn 1822 waarden de bosken en tunen ferkocht. Letter ferskynden ferskate lânhuzen, lykas it hûs Oranjewoud.

It eardere paleis hie yn 1711 twa grutte fleugels fan ien boulaach op hege sûterrêns. Elke fleugel wie leafst 15 raamfekken breed. Derfan útgeande dat elk raam 2 oant 2,5 meter breed wie, dan wie ien fleugel al 30 oant 37,5 meter breed. Dêrneist hie it paleis ek in haadgebou fan 7 oant 9 ramen breed, wat del komt op in breedte fan 14 oant 22 meter. By elkoar opteld hie it paleis in lingte fan yn elk gefal 74 meter en faaks wol 97. Wat de werklike lingte fan it paleis wie bliuwt rieden, want der binne gjin opmjittings fan it paleis bekend. Tekeningen as dy fan Cornelis Pronk binne noch it meast betrouber.

De fleugels waarden dekt troch skylddakken mei elk seis skoarstiens en sân dakkapellen. Op de dakskylden leinen blauwe pannen. Fierder hie it paleis koarte nei efteren rinnende fleugels, fan mar fjouwer ramen breed, wat delkomt op 10 oant 12 meter. Eltse fleugel hie in tagongspartij nei de bel-etaazje, dy't berikber wie oer brede en hege stektreppens. Op de bel-etaazje wienen grutte Ingelske finsters oanbracht: skofinsters mei lytse roedeferdielings. It paleis wie boud yn inbedêst klassisistyske barok-styl. Net de styl, mar de grutte strielde de represintaasje fan de steedhâlderlike famylje út.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vander Aa - Aardrijkskundig Woordenboek
  • Langs stinsen, states en andere voorname huizen in Friesland, 1979
  • States en stinzen yn Fryslân
  • Rita L.P. Mulder-Radetzky en Barteld H. de Vries - Geschiedenis van Oranjewoud, (Alphen aan den Rijn, 1999)