Springe nei ynhâld

Titel (namme)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 jan 2022 om 22.17 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In titel (fan titulaire, de eigenskipswurdlike foarm fan it Frânsk titre) of opskrift is de namme fan makke wurk, yn 'e regel op it mêd fan 'e literatuer, skiene keunsten, muzyk, film of tillefyzje, lykas in boek, ferhaal, haadstik, gedicht, spylfilm, tillefyzjeprogramma, fideo- of kompjûterspultsje, liet, album, of lykfol hokker oar publisearre wurk ek. Men brûkt in titel yn it foarste plak om in wurk mei te identifisearjen, mar men kin der ek in minimale gearfetting fan 'e ynhâld mei jaan en besykje om 'e belangstelling fan sjoggers en mooglike keapers te wekjen. Fierders is it mooglik om it wurk mei de titel drekt al yn in beskate kontekst te pleatsen; sa tinkt tsjintwurdich bygelyks eltsenien by in titel dêr't it wurd Star diel fan útmakket, oan science fiction (Star Trek, Star Wars, ensfh.).

Titels wurde yn 'e regel keazen troch de makker (auteur, keunstner, komponist of regisseur), hoewol't yn 'e literatuer faak de útjouwer meibeslist, en yn 'e film-, tillefyzje- en muzykyndustry de produsint. Salang't in wurk noch net ôf, of alteast net publisearre is, kin dernei ferwiisd wurde ûnder in foarriedige wurktitel. Sokke wurktitels kinne by de publikaasje oanholden wurde, mar meastal wurde se ferfongen troch in nije, folslein oare titel. Fral by films komt it foar dat der njonken de orizjinele titel ek noch in alternative, ynternasjonale titel yn in oare taal brûkt wurdt. As yn 'e titel de namme fan in personaazje út it wurk neamd wurdt, sprekt men fan de titelrol (dat hoecht net deselde te wêzen as de haadrol). Yn 'e útjouwerijbrâns is it wenst om 'e titel ôf te printsjen op 'e foarside fan in boek, mar ek op it skutblêd en yn 'e lingterjochting op 'e rêch fan 'e omslach. Op cd's en dvd's stiet de titel op 'e foarkant en op 'e rêch.

By guon wurken wurdt de (meastal koartere titel) oanfolle mei in (meastal langere en mear omskriuwende) ûndertitel. Titel en ûndertitel wurde dan faninoar skaat troch in dûbele punt (:) of in lizzend streekje (–), en yn it ferline ek wol troch it "of". In foarbyld is it boek: Rites of Peace: The Fall of Napoleon and the Congress of Vienna, fan 'e Britske histoarikus Adam Zamoyski. Dêrby is de titel Rites of Peace ("Fredesrituëlen"), dat net in protte oer de ynhâld fan it boek seit, mar dochs moai klinkt. De omskriuwing fan 'e ynhâld folget yn 'e ûndertitel: The Fall of Napoleon and the Congress of Vienna ("De Fal fan Napoleon en it Kongres fan Wenen), wat de lêzer ferteld dat it giet oer de ein fan it bewâld fan Napoleon Bonaparte en de fredesbesprekkings yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen oan 'e ein fan 'e Napoleontyske Oarloggen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.