Beatrixoard
Beatrixoard wie in sanatoarium yn Appelskea fan 1922 oant 1963, it ienige sanatoarium foar tuberkuloazepasjinten yn de trije noardlike provinsjes. It waard oprjochte as Frysk Folkssanatoarium op De Jouwer yn 1910 as resultaat fan in aksje fan de Fryske befolking. Fan 1910 oant 1921 wie it sanatoarium dêr festige yn de Heremastate. Nei de oarloch is de namme feroare yn Noardlik Sanatoarium Beatrixoord.
Yn 1950 woe it bestjoer Beatrixoord foar in part oerbringe nei de stêd Grins, wat in stoarm fan protesten yn Fryslân teweech brocht. Yn septimber 1954 besluet de algemiene gearkomst fan de sanatoariumferiening mei 363 stimmen (meast Grinslânske en Drintske) tsjin 202 (meast Fryske) en alve ûnthâldingen ta splitsing yn in nije ynrjochting foar moderne diagnostyk en sjirurgyske terapy by Haren en de restauraasje fan it basissanatoarium yn Appelskea. Beatrixoord hie doe in 400 bêden, de nije ynrjochting yn Haren om-en-by 300 bêden en in dikke 100 yn Appelskea.
Sûnt desimber 1992 is Olmen Es de wen- en wurkmienskip op antroposofyske grûnslach foar minsken mei in geastlik beheining en hat earst diels en letter it terein yn eigendom. Yn 2002 waard it eardere röntgengebou ynrjochte as Tuberkuloazemuseum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Beatrixoord. |