Eutin
Eutin | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Sleeswyk-Holstein |
Distrikt | East-Holstein |
Sifers | |
Ynwennertal | 16.769 (2013) |
Oerflak | 41,4 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 410 / km² |
Hichte | 33 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.vg-eutin-suesel.de |
Eutin is in stêd en gemeente yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. It is de kreisstadt fan de Kreis East-Holstein. Eutin leit oan de Großer Eutiner See yn it Natuerpark Holsteins Switserlân. It is in erkend kueroarde.
Om reden fan de kultuerele bloeiperioade 1776-1829 krige it plak de bynamme "Weimar fan it Noarden". De Breugemansiik is in bekende attraksje yn de kontrei.
Geografy
Eutin wurdt omjûn troch in tal marren yn de boskige omkriten, de Grutte Eutinermar, Lytse Eutinermar, Kellermar en Ukleimar. De marren binne populêr by boatsjeminsken, fiskers en by swimmers.
Sleeswyk-Holstein, benammentlik by Eutin, is bekend fan syn protte koalsiedfjilden, dat brûkt wurdt foar it produsearjen fan alternative enerzjy. De regio hat ek in soad wyntubines.
It besjen wurdich
In kar:
- Kastiel fan Eutin (Eutiner Schloss)
- Tsjerke Sint-Michael (St.-Michaelis-Kirche)
- Museum fan East-Holstein (Ostholstein-Museum)
- Lânsbibleteek (Landesbibliothek)
- Distriktsbibleteek (Kreisbibliothek)
-
It kastiel fan Eutin
-
It stedhûs fan Eutin út 1791
-
Letklassisistyske huzen oan de Merke
-
Promenade oan de mar fan Eutin
Ferneamde ynwenners
- Nicholas Mercator, wiskundige, berne yn Eutin, 1620.
- Johann Heinrich Wilhelm Tischbein, Dútsk skilder (1751-1829)
- Gerhard Anton von Halem, Dútsk skriuwer, jurist en bestjoersamtner (1772-1819)
- Johann Heinrich Voss, Dútsk klassikus en dichter (1751 – Heidelberch, 1826)
- Carl Maria von Weber, komponist (1786-1826)
Susterstêden
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eutin fan Wikimedia Commons. |