Breugemans-iik
De breugemans-iik is de iennichste beam op 'e hiele wrâld mei in eigen postadres. Hy stiet yn de Dodauer Bosk by Eutin yn Sleeswyk-Holstein en is mear as 500 jier âld. Nei de komst fan de postkoaden waard it folsleine adres: Bräutigamseiche, Dodauer Forst, 23701 Eutin. De iik brocht fier foar it ynternet minsken dy't graach trouwe woene, oer in 'deade brievebus' mei-inoar yn kontakt. Dy deade brievebus wurdt noch altiten brûkt troch minsken fan oer de hiele wrâld. En guon toeristen kinne har net bedimje en lêze wat der skreaun waard, wat somtiden wer laat ta nije kontakten.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beam wurdt sa neamd fan wegen de earste trouwerij ûnder syn tûken. Op 2 juny 1891 trouden de dochter fan boskwachter Ohrt, de Dodauer Oberforstmeister, en de sûkelarjefabrikant Schütte-Felsche ûnder de iik. De heit fan de breid wie earst tsjin dizze relaasje en ferbea it kontakt, dêrom wikselen beide fereale minsken stikem brieven oer in holte yn de beam. Doe't de boskwachter wol seach dat er de leafde net keare koe, joech er belies en makke dernei de trouwerij ûnder de iik mooglik.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bräutigamseiche fan Wikimedia Commons. |