Springe nei ynhâld

Johann Heinrich Wilhelm Tischbein

Ut Wikipedy
Selsportret fan Johann Heinrich Wilhelm Tischbein, Bridgeman Art Library, Londen
Tischbein syn bertehûs
Goethe in de Campagna

Johann "Heinrich" Wilhelm Tischbein, ek wol Goethe-Tischbein neamd (Haina (Kloster), 15 febrewaris 1751Eutin, 26 febrewaris 1829) wie in Dútsk keunstskilder.

Tischbein waard berne yn in famylje fan keunstskilders út Hessen. Hy wie in neef fan Johann Heinrich Tischbein de Aldere en gong yn de lear by syn omke yn Hamburg. Yn 1772-1773 makke er in stúdzjereis nei Nederlân en fan 1777 ôf oan waard er in bekend portretskildere yn Berlyn.

Tischbein hold fan 1779 oant 1781 ta yn Rome dêr't er de Romeinske klassiken bestudearre en tal fan oare keunststilen, fan rokoko oant it klassisisme. Yn 1781 ferhuze er út jildkrapte nei Zürich yn Switserlân, dêr't er ûnder oaren fysionomyske tekeningen makke foar Johann Kaspar Lavater. 1783 gie er werom nei Rome mei in stúdzjebeurs dêr't Goethe foar bemiddele hie. Fan doe ôf oan skildere er, njonken portretten, hieltyd faker ek lânskippen, histoarische tafrelen en stillibbens, meast yn klassisistyske styl.

Yn 1787 beselskippet Tischbein Goethe in skoft yn Rome en Napels, by dy syn Italiaanske reis. Dat jier makket er ek syn ferneamd wurden skilderij Goethe in der Campagna. Dat skilderij waard kocht troch de bankiersfamylje Rothschild en yn 1787 oan it Städel Museum yn Frankfurt am Main jûn, dêr't it noch altyd te besjen is.

Fan 1789 oant 1799 wie Tischbein yn Napels ek direkteur fan de keunstakademy Accademia di Belle Arti. Dêrnei gie er werom nei Dútslân, dêr't er fan 1808 ôf ûnder oare oan it hof fan Peter I fan Oldenburg, te Oldenburg arbeide. Hy stoar 1829 yn de âldens fan 78 jier.

  • Klaus Langenfeld: Wilhelm Tischbein, Goethe-Maler in Rom und herzoglich oldenburgischer Hofmaler. Oldenburg, Isensee Verlag 2008, ISBN 978-3-89995-548-4

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]