Karel V
Karel V (Gint, 24 febrewaris 1500 – San Yuste, 21 septimber 1558), foar syn mûlichferklearring Karel fan Lúksemburch neamd, út it Hûs Habsburch, wie sûnt 1506 foarst fan de measte Nederlânske gewesten, fan 1516 oant 1556 as Karel I kening fan Spanje en fan 1519 oant 1556 as Karel V keizer fan it Hillige Roomske Ryk, yn de Nederlannen algemien bekend as Keizer Karel.
Family en opfieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel wie de soan fan Filips de Skiene en Jehanna fan Kastylje, dy't de skiednis yngean soe as Johanna de Dwylsinnige. Hy waard grutbrocht yn de Nederlannen troch syn muoike Margareta fan Eastenryk en syn tutor, Adriaan fan Utert, de lettere Paus Adrianus VI. Yn 1506, doe't syn heit Filips de Moaie stoar, erfde hy de Nederlannen en it Frijgreefskip Bourgonje (Franche Comté). Syn pake Maksimiliaan I soe oant 1515 it regintskip waarnimme foar de minderjierrige Karel.
Maksimiliaan as regint foar Karel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dochter as lânfâdesse fan de Nederlannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat Maksimiliaan it drok hie mei syn oare regearingstaken en militêre kampanjes, beneamde hy syn dochter Margareta fan Eastenryk ta lânfâdesse fan de Nederlannen, in funksje dy't ek ûnder Karel en syn opfolgers bestean bleaun.
Margareta residearre yn Mechelen en bestjoerde fan dêrút de Nederlannen en makke fan de stêd de haadstêd fan de destiidske Nederlannen.
Kastiliaanske troan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As soan fan Johanna de Dwylsinnige makke Karel ek oanspraak op de Spaanske troan. Nei de dea fan syn beppe Isabella fan Kastylje kaam syn mem, troch it iere ferstjerren fan har âldere broer en suster, op de Kastyljaanske troan terjochte. Johanna lijde lykwols bot ûnder it ferlies fan har man. Har heit, Ferdinand V fan Aragon, soe har ek gek ferklearje litte sadat hysels de fâdij oer de jonge kroanprins waarnimme koe en it regintskip foar de Kastyljaanske troan opnimme koe.
Erven fan lannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan Ferdinand yn 1516 erfde Karel Kastylje, Arragon, Navarra, Granada, Napels, Sardynje, Sisylje en de Spaanske koloanjes. Karel waard yn de Brusselske Sint Goedeletsjerke útroppen ta Kening fan Spanje en gie doe oer dat lân regearjen as kening Karel I.
Doe't ek syn oare pake, Maksimiliaan I fan Eastenryk, yn 1519 stoar, folge Karel him op als aartshartoch fan de Eastenrykske erflannen en Keizer fan it Hillige Roomske Ryk. De keizerskroan hat him in slompe jild koste.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel V wie troud mei Isabella fan Portugal fan 1526 oant har dea yn 1539. Hja krigen ien soan, Filips II, en twa dochters, Johanna en Maria dy't mei har neef Maksimiliaan troude. Karel V is ek bekend troch syn omslaan mei oare froulju. Hoefolle minnaressen hy hie is net bekend, mar it oantal soe ôfgryslik west ha. Twa spilen in wichtige rol, omdat se it libben skonken oan twa lettere lânfâden, beide bastertbern fan Karel V:
- Johanna fan der Gheynst mei har dochterMargaretha fan Parma en
- de poartersdochter út it Dútske Regensburg Barbara Blomberg en har dochter Don Juan.
Nederlannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel V hie as doel om de Nederlannen om te foarmjen ta ien steat. Mei de Frede fan Kamerijk (1529) befrijde hy Flaanderen en Arteezje fan harren lienferbân mei de Frânske kening, op dat momint Frâns I. Mei de ferovering fan Gelre (1543) foltôge hy de ienmakking fan de Nederlannen. Mei de Transaksje fan Augsburch (1548) ferswakke hy it lienferbân fan de Nederlânske gebieten (de Santjin Provinsjes) tsjinoer de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Hy foltôge syn stribjen mei de Pragmatike Sanksje (1549), in amendemint yn it famyljerjocht fan de Habsburgers dat ynhold dat de Nederlannen hieltyd ien en ûnferdield oererfd wurde soenen.
Spanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Karel yn Spanje kaam, oardel jier neidat hy yn Brussel ta kening fan Spanje kroane wie, waard hy daliks konfrontearre mei de opstân fan de Komunidades (1520-1521), dy't hy muoisum ûnderdrukte. Under it bewâld fan Karel V wie der in relative frede tusken de Spaanske keninkriken. Syn belied wie der benammen op rjochte de liedende stannen ta freon te hâlden.
Oant syn troansôfstân yn 1556 bleaun hy mar koart yn syn Spaanske gebieten. Wol joech hy ûnder syn houliksreis yn 1527 de opdracht it renêssânsistyske Paleis fan Karel V te bouwen yn it doe al beroemde Alhambra yn Granada.
Trije dagen nei syn troansôfstân reizge Karel V oer Flissingen nei San Yuste yn Ekstremadura, de earme streek yn it westen fan Spanje tsjin de Portugeeske grins. Yn in paleiske njonken it kleaster San Jeronimo luts hy him werom. Dêr stoar hy op 21 septimber 1558 en waard steande begroeven yn in krypte ûnder it alter fan it kleaster.
Bestjoersyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel soe, om syn ryk bestjoere te kinnen, in sintralisaasjepolityk fiere nei Bourgondysk model. Hy makke dêrfoar gebrûk fan de Kollaterale Rieden. Dizze bestienen út in Ried fan Steat (Hofried yn Bourgonje), in advysorgaan en gearstald út leden fan de hege adel. Foar it finansjeel behear werfoarme hy de Rekkenkeamer om ta in Finansjele Ried. As lêste rjochte hy in Geheime Ried op, dy't ynstie foar de rjochterlike macht. Underhearrich dêroan wie de Grutte Ried fan Mechelen dy't de rjochterlike macht yn de Nederlannen fersjintwurdige.
Italjaanske Oarloggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1515 helle Frâns I fan Frankryk in grutte oerwinning yn de slach fan Marignano tsjin Milaan, dat tabehearde oan Ferdinand V fan Aragon. Yn 1516 lei hy Karel V, dy't ûnderwilens Ferdinand opfolge wie, de Frede fan Noyon (1516) op. Dêrnei smeide Karel in koalysje mei de Paus (Leo X) en de kening fan Ingelân (Hindrik VIII). Yn de oarloch dêrnei (1521-1526) waard Frâns I yn de slach by Pavia finzennommen. Karel V twong him om de Frede fan Madrid (1526) oan te nimmen, wêryn't Frâns I al syn oanspraken op Noard-Itaalje opjoech. Hast fuortendaliks ûntstie der in nij bûnsgenoatskip, wêr't Frâns I de spille fan wie, besteande út de Ottomaanske sultan (Suleiman I de Grutte), Hindrik VIII, en Paus Klemens VII. Karel fersloech earst de swakste fan syn tsjinstanners, de Paus. Yn 1527 plonderen syn troepen Rome (Sacco di Roma). Dêrnei waard it troch de pest ferswakke Frânske leger ferslein foar de poarten fan Napels. Doe sleat Karel V op 'en nij in fredesferdrach mei Frankryk, de Damesfrede fan Kamerijk (1529), dat de bepalingen fan it Ferdrach fan Madrid befêstige.
Klemens VII waard ferplichte Karel ta keizer te kroanen (Bologna, 1530), de lêste keizerkroaning troch in paus yn de skiednis.
De Ottomaanske driging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ottomanen, ûnder lieding fan sultan Suleiman I de Grutte, belegeren twaris Wenen, yn 1529 en 1532. De Ottomaansk-Frânske koalysje soarge derfoar dat Karel ferplichte waard oarloch te fieren op ferskillende fronten. Dochs slagge hy der yn, al wie it muoisum, de Ottomanen ôf te slaan. Wannear't de Ottomaanske sultan yn 1529 Algiers en yn 1533 Tunis ferovere soe de feilichheid fan de skipfeart op de Middellânske See yn gefaar komme. De Ottomanen plonderen meardere kearen de Italjaanske en Spaanske kusten. Karel werstelde de rêst op de Middellânske See troch yn 1535 Tunis te weroverjen.
It Hillige Roomske Ryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schmalkaldysk Ferbûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tiid fan it keizerskip fan Karel V waard it Hillige Roomske Ryk ferdield troch godstsjinsttwisten. Yn 1531 ferienigen de protestantske ryksfoarsten har yn it Schmalkaldysk Ferbûn. Om 1540 hinne makke de mearderheid fan de ryksfoarsten diel út fan dit ferbûn. Karel V hat hietiten stribbe nei fersoening tusken beide groepen. Hy rôp ferskate ryksdagen by inoar om it konflikt op te lossen. Yn Augsburch yn 1530 besocht hy de kristlike ienheid te werstellen troch te wizen op it Ottomaanske gefaar en inkele herfoarmingen út te fieren binnen de Tsjerke. Karel V, dy't ûnder ynfloed fan Erasmus stie, wie ree foar tajouwings oan de protestanten. Melanchthon kaam nei foaren as lieder fan it Schmalkaldysk ferbûn. De Augsburchske Konfesje, de leauwensbelidenis dy't Melanchthon de ryksdei foarlei waard fersmiten. Ek de Ryksdei yn Regensburch (1541) slagge der net yn de ienheid werom te bringen.
Godstsjinstienheid ferbrutsen en werkrigen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1546, op 'en nij yn Regensburch, wie de stimming fijanniger. It Schmalkaldysk Ferbûn ferklearre de bepalingen fan it konsylje fan Trente mei gewelt te bestriden. Yn de Schmalkaldyske Oarloch (1546-1552) helle Karel V in oerwinning op de protestanten by Mühlberg. Hy wie myld foar de ferliezers en liet de lieders fan it ferset frijút gean. Wannear't Frankryk him yn de oarloch mingt troch mei stipe fan de protestantske ryksfoarsten de prinsbisdommen Metz, Toul en Ferdun te besetten yn de saneamde Prinsenopstân, sjocht Karel him twongen de frede fan Passau (1552) te ûndertekenjen en joech hy syn krewearjen om de godtsjinstienheid binnen syn ryk op. Yn 1555 waard de frede wersteld troch de Godstsjinstfrede fan Augsburch. De ryksfoarsten wienen frij om de religy fan harren kar op te lizzen oan harren ûnderdienen: cuius regio, eius religio. De ûnderdienen krigen gjin godstsjinstfrijheid.
Troansôfstân en Opfolging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel V seach de Godstsjinstfrede fan Augsburch as in persoanlike nederlaach. Teloarsteld en ynein troch it wurchsume bestjoer luts hie him werom út it regearingswurk. Yn 1555 stie hy de Nederlannen en Franche-Comté ôf oan syn soan Filips II, dy't yn 1556 ek de Spaanske gebieten erve. De keizerskroan en de Eastenrykske erflannen stie hy yn 1556 ôf oan syn broer Ferdinand I. Karels wrâldryk waard sûnt dy tiid ferdield tusken in Spaanske en Eastenrykske staach fan it Habsburchske skaai.
It ryk fan Karel V
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rûchwei omfieme dit ryk de Nederlannen, Spanje, Eastenryk, Tsjechje en inkele Italjaanske steaten. Feitlik gie it om in personele uny fan tsientallen titels. Hjir komme noch de oerseeske koloanjes fan Spanje by, wat de faam joech dat it in ryk wie wêr't de sinne nea ûnder gie. De bykommende titel fan Keizer fan it Hillige Roomske Ryk wie earder in symboalyske titel, dy't dochs in net oansjenlik gesach útstriele. (Yn it kaartsje binne de oerseeske gebieten net werjûn).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karl V fan Wikimedia Commons. |
- Súdnederlânske adel (foar 1830)
- Keizer fan it Hillige Roomske Ryk
- Kening fan Dútslân
- Kening fan Itaalje
- Kening fan Spanje
- Kening fan Napels
- Kening fan Sisylje
- Kening fan Sardynje
- Aartshartoch fan Eastenryk
- Prins fan Astuerje
- Hartoch fan Milaan
- Hartoch fan Boergonje
- Hartoch fan Brabân
- Hartoch fan Limburch
- Hartoch fan Lúksemboarch
- Hartoch fan Gelre
- Hartoch fan Stiermarken
- Greve fan Tiroal
- Greve fan Barcelona
- Greve fan Hollân
- Greve fan Seelân
- Greve fan Henegouwen
- Greve fan Flaanderen
- Greve fan Arteezje
- Greve fan Namen
- Greve fan Sutfen
- Greve fan Boergonje
- Hear fan Mechelen
- Hear fan Fryslân
- Hear fan Utert
- Hear fan Oerisel
- Hear fan Grinslân
- Hear fan it Westerwâldsterlân
- Dútsk persoan fan Aragoneesk komôf
- Dútsk persoan fan Eastenryksk komôf
- Dútsk persoan fan Flaamsk komôf
- Dútsk persoan fan Frânsk komôf
- Dútsk persoan fan Ingelsk komôf
- Dútsk persoan fan Italjaansk komôf
- Dútsk persoan fan Katalaansk komôf
- Dútsk persoan fan Litousk komôf
- Dútsk persoan fan Oksitaansk komôf
- Dútsk persoan fan Poalsk komôf
- Dútsk persoan fan Portegeesk komôf
- Dútsk persoan fan Russysk komôf
- Dútsk persoan fan Sisyljaansk komôf
- Dútsk persoan fan Spaansk komôf
- Dútsk persoan fan Waalsk komôf
- Spaansk persoan fan Aragoneesk komôf
- Spaansk persoan fan Eastenryksk komôf
- Spaansk persoan fan Dútsk komôf
- Spaansk persoan fan Flaamsk komôf
- Spaansk persoan fan Frânsk komôf
- Spaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Spaansk persoan fan Italjaansk komôf
- Spaansk persoan fan Katalaansk komôf
- Spaansk persoan fan Litousk komôf
- Spaansk persoan fan Oksitaansk komôf
- Spaansk persoan fan Poalsk komôf
- Spaansk persoan fan Portegeesk komôf
- Spaansk persoan fan Russysk komôf
- Spaansk persoan fan Sisyljaansk komôf
- Spaansk persoan fan Waalsk komôf
- Hûs Habsburch
- Persoan berne yn 1500
- Persoan stoarn yn 1558