Springe nei ynhâld

Uerdinger liny

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 sep 2021 om 04.16 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Uerdinger Liny
De Uerdinger en Karlsruher linys, dy't de histoaryske taalgrinzen fann it Heechdútsk en Middeldútsk foarmen

De Uerdinger liny of ik-ich-liny is in isoglosse, dy't part fan in isoglossebondel is, dy't beskate Westgermaanske dialekten faninoar skiedt. De isoglosse is neamd nei it plak Uerdingen troch Georg Wenker en skiedt dialekten dy't it -k-lûd oan de ein fan in wurd fan dialekten dy't feroare binne ta de -ch-lûd oan de ein fan in wurd, sa as yn ik of ek, benoarden de Liny, ta ich of ech, besuden de liny. De Uerdinger liny is de noardlikste isoglosse dy't de Heechdútske en Middeldútsk dialekten, dy't de Heechdútske lûdferskowing ûndergien hawwe fan it Nederlânsk en Nederdútsk skiedt. De liny rint troch Belgje, Nederlân en Dútslân en benoarden de liny wurdt it Nederlânsk en Nederdútsk sprutsen en besuden dêrfan it Middeldútsk. Yn it gebiet tusken de Uerdinger en de Benrather liny, dy't súdliker leit, wurdt it Germaanske dialekt Limburchsk sprutsen. Benammen yn it easten fan Dútslân wurde de pleatslike dialekten sûnt de tweintichste iuw stadichoan ferkrongen troch it Standertdútsk.

Noardlik fan de Uerdinger liny wurdt bygelyks sein: Ik goh noh Hus (ik sil nei hûs ta) en súdlik dêrfan wurdt it Heechdútske ich of yn guon pleatslike dialekten ech, esch of isch en wurdt bygelyks sein fan: Isch jon noh Huus dat yn it Standertdútsk Ich gehe nach Hause betsjut.

De Uerdinger liny skiedt likernôch it Noardnederfrankysk en it Brabânsk fan it Súdnederfrankysk en begjint by Leuven yn Belgje en rint dan oer Roermond, Fenlo en Viersen en rint dêrnei it Dútske Rynlân yn tusken Krefeld-Uerdingen en Duisburg-Mündelheim en krúst de Ryn, rint noardlik fan Mintard oan de Roer en dêrnei troch it Berchske Lân en komt by Wuppertal de Benrather liny temjitte. Dêrnei rint er mank mei de Benrather liny en de grins tusken it Siegerland (yn it suden) en it Sauerland (yn it noarden), dêr't er in skoftke himsels fan de Benrather liny skiedt en sa in part fan de gemeente Wenden ta it súdlike taalgebiet rekkene wurd. Dêr wurdt sein fan ech make. Hy rint dan fierder justjes benoarden Kassel, dêrnei justjes besuden Magdeburg en justjes benoarden Wittenberg. Fierder eastlik yn Brandenburch skiedt er himsels fannijs fan de Benrather Liny en rint dêre súdlik Berlyn foarby. Dêr wurdt sein fan i(c)k mache.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: