Springe nei ynhâld

Thea Beckman

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 sep 2021 om 23.37 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Thea Beckman
skriuwer
Thea Beckman yn 1974.
Thea Beckman yn 1974.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thea Beckmann-Petie
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 july 1923
berteplak Rotterdam (Súd-Hollân)
stoarn 5 maaie 2004
stjerplak Bunnik (Utert
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre berneboeken, hist. romans, SF
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Kruistocht in Spijkerbroek
prizen Gouden Griffel 1974
jierren aktyf 19702004
offisjele webside
www.theabeckman.nl

Thea Beckman, pseudonym fan Thea Petie (Rotterdam, 23 july 1923Bunnik, 5 maaie 2004) wie in Nederlânsk skriuwster fan berne- en jeugdboeken. Hja is it bekendst wurden fan 'e histoaryske roman Kruistocht in Spijkerbroek, út 1973. De Thea Beckmanpriis is nei har ferneamd.

Beckman woe al op har alfde skriuwster wurde. As bern fûn se it nei eigen sizzen hearlik om nei skoalle ta, mar troch omstannichheden makke se de middelbere skoalle net ôf. Earst rekken har âldelju yn 'e Grutte Depresje fan 'e tritiger jierren finansjeel yn 'e nederklits, doe briek de Twadde Wrâldoarloch út, en yn 1945 troude se. Yn har middeljierren learde se dochs noch troch, en studearre se sosjale psychology oan 'e Universiteit Utert. Tsjin dy tiid wie se al mei har skriuwkarriêre úteinset, en se keas sosjale psychology om't dat foar in grut part teory is, en sadwaande better mei har skriuwen en har gesin te kombinearjen foel as in mear op 'e praktyk rjochte stúdzje. Har ôfstudearskripsje gie oer de ynfloed fan boekelêzen op bern.

Beckman naam har pseudonym oan op fersyk fan har útjouwer, dy't har trounamme "Beckmann" te Dútsk fûn. Yn in fraachpetear die se út 'e doeken dat har manear om in boek te skriuwen wie, om foarôf safolle mooglik gegevens byinoar te sykjen. Om't har boeken ornaris histoaryske romans wiene, betsjutte dat dat se in protte tiid trochbrocht yn bibleteken. Om't de boeken foar in grut diel ek om utens spilen, gie se dêrnei mei har man op reis by plakken lâns dy't se beskriuwe soe. Ta ein beslút begûn it echte skriuwwurk, wêrby't se altiten muzyk oanstean hie. Neffens harsels waard it in spannend boek as de muzyk mar spannend wie.

Fierwei Beckman har bekendste boek is Kruistocht in Spijkerbroek, dat yn 1973 útkaam, oer de bernekrústocht fan 1212. Dêrfoar krige se yn 1974 de Gouden Griffel en yn 1976 de ynternasjonale Prix de la Divulgation historique. Yn 2005-2006 waard it ferhaal ferfilme troch regisseur Ben Sombogaart ûnder de titel Crusade in Jeans. Beckman har fjouwerentweintichste en lêste boek, Gekaapt!, kaam út yn 2003, en waard presintearre op har tachtichste jierdei.

Beckman wie fan 1945 oant syn ferstjerren yn 1993 troud mei Dirk Hendrik Beckmann, mei wa't se twa soannen (Rien en Jerry) en in dochter (Marianne) krige. Se wie net godstsjinstich en hie likemin in politike oertsjûging. Se stoar yn 2004, krapoan twa moanne foar har ienentachtichste jierdei, yn har wente yn Bunnik.

Thea Beckmanpriis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei har ferstjerren waard troch it Historisch Nieuwsblad de yn 2003 ynstelde Bontekoepriis (foar it bêste histoaryske jeugdboek) nei Beckman ferneamd. In 2009 en 2010 waard dy priis útrikt ûnder de namme fan Archeonpriis, mar fan 2011 ôf hjit er wer Thea Beckmanpriis.

  • 1970 - Met Korilu de Griemel Rond (letter omneamd ta Zwerftocht met Korilu)
  • 1973 - Heremetijd... Wat een Lastpost!
  • 1973 - Kruistocht in Spijkerbroek
  • 1974 - Mijn vader woont in Brazilië
  • 1976 - Geef Me de Ruimte! (diel 1 fan in trilogy oer de Hûndertjierrige Oarloch)
  • 1977 - Triomf van de Verschroeide Aarde (diel 2 fan in trilogy oer de Hûndertjierrige Oarloch)
  • 1978 - Het Rad van Fortuin (diel 3 fan in trilogy oer de Hûndertjierrige Oarloch)
  • 1979 - Stad in de Storm (oer Utert yn it Rampjier 1672 en de Simmerstoarm fan 1674)
  • 1980 - Wij Zijn Wegwerpkinderen
  • 1982 - De Gouden Dolk (oer de Twadde Krústocht fan 1147-1149)
  • 1983 - Hasse Simonsdochter (oer de frou fan Jan fan Skaffelaar)
  • 1984 - Wonderkinderen
  • 1985 - Kinderen van Moeder Aarde (diel 1 fan in trilogy dy't yn 'e takomst spilet, seis iuwen nei de Trêde Wrâldoarloch, as froulju it yn 'e wrâld foar it sizzen krigen hawwe)
  • 1987 - Het Helse Paradijs (diel 2 fan in trilogy dy't yn 'e takomst spilet)
  • 1989 - Het Gulden Vlies van Thule (diel 3 fan in trilogy dy't yn 'e takomst spilet)
  • 1988 - De Val van de Vredeborch
  • 1988 - Een Bos vol Spoken
  • 1990 - Het Geheim van Rotterdam
  • 1991 - Het Wonder van Frieswijck (Berneboekewikegeskink, op 'e nij útbrocht yn 2005)
  • 1992 - De Stomme van Kampen (oer de dôfstomme keunstskilder Hendrick Avercamp)
  • 1994 - De Doge-ring van Venetië (spilet yn 'e Midsiuwen en beskriuwt in reis út Hollân wei nei Feneesje ta)
  • 1996 - Saartje Tadema (oer in weesfamke dat opgroeid yn it Boargerweeshûs te Amsterdam)
  • 1998 - Vrijgevochten (oer in skipsjonge dy't finzen nommen en as slaaf ferkocht wurdt)
  • 2003 - Gekaapt!

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]