Halldór Laxness
Halldór Laxness | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Halldór Kiljan Laxness | |
nasjonaliteit | Iislânsk | |
berne | 23 april 1902 | |
berteplak | Reykjavik (Iislân) | |
stoarn | 8 febrewaris 1998 | |
stjerplak | Reykjavik (Iislân) | |
etnisiteit | Iislânsk | |
wurk | ||
taal | Iislânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, toaniel, poëzij, reisferalen, essay's, autobiogr., oersettings | |
perioade | midden en 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Vefarinn Mikli frá Kasmír Sjálfstætt Fólk Heimsljós-rige Íslandsklukkan | |
prizen | Nobelpriis 1955 | |
jierren aktyf | 1919 – ±1990 | |
offisjele webside | ||
www.gljufrasteinn.is |
Halldór Laxness (folút: Halldór Kiljan Laxness, útspr.: ['haltour 'cʰɪljan 'laksnɛs]; berne as: Halldór Guðjónsson; Reykjavik, 23 april 1902 – dêre, 8 febrewaris 1998) wie in Iislânsk skriuwer, dichter, oersetter en sjoernalist, dy't yn syn lange karriêre in grut oeuvre oan romans, koarte ferhalen, toanielstikken, gedichten, krante-artikels, essay's en reisferhalen opboude. Hy wurdt rûnom beskôge as de wichtichste fertsjintwurdiger fan 'e tweintichste-iuwske Iislânsktalige literatuer. Yn yn 1955 wûn er de Nobelpriis foar de Literatuer.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Laxness waard yn 1902 yn 'e Iislânske haadstêd Reykjavik berne as de soan fan Guðjón Helgason en Sigríður Halldórsdóttir, ûnder de namme Halldór Guðjónsson. Yn 1905 ferfear it gesin nei de pleats Laxness, yn it Mosfellsdalur, deunby it doarp Mosfellsbær, op sa'n 15 km noardeastlik fan Reykjavik. As bern lies Laxness alles dat los en fêst siet, en al rillegau begûn er sels ferhalen te skriuwen. Syn earste publikaasje wie in artikel dat yn 1917 yn 'e krante Morgunblaðið ôfprinte waard, doe't Laxness fjirtjin jier wie. Syn earste boek, Barn Náttúrunnar ("Bern fan de Natoer"), folge twa jier letter, yn 1919. Tsjin dy tiid wie Laxness syn omdoarmings oer it Jeropeeske fêstelân al begûn.
Karriêre as skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1922 joech er him as lekebroer by de Abdij St. Maurice et St. Maur, yn it Lúksemboarchske Clervaux, in benediktynsk kleaster. Begjin 1923 liet er him dope en befêstigje as lid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, wêrnei't er de efternamme Laxness oannaam ta eare fan it plak dêr't er opgroeid wie, en teffens de twadde foarnamme Kiljan, de Iislânske foarm fan 'e namme fan 'e Ierske hillige Killiaan. Yn Clervaux wijde Laxness him oan selsstúdzje, wêrby't er him benammen talei op Frânsk, Latyn, teology en filosofy. Hy makke der diel út fan in groep lju dy't bea foar de weromkear fan Skandinaavje nei it roomsk-katolisisme, en lei syn ûnderfinings yn it kleaster yn 1927 fêst yn 'e roman Vefarinn Mikli frá Kasmir ("De Grutte Wever út Kasjmier"), dy't foar sensaasje soarge yn Iislânske literêre fermiddens.
Laxness syn religieuze rite duorre lykwols net lang, en koarte tiid letter rekke er yn 'e besnijing fan it sosjalisme. Syn nije ideeën fûnen utering yn it boek Alþýðubókin ("It Boek fan it Folk"), út 1929, in samling briljante satiryske essay's oer de steat fan 'e wrâld. Fan 1927 oant 1929 wenne Laxness yn Hollywood, dêr't er besocht om in karriêre as senarioskriuwer te begjinnen, wat lykwols op 'e non rûn. Werom yn Iislân sette er yn 1931, mei it twadielige Salka Valka, útein mei in lange rige sosjologyske romans dy't fakentiden sosjalistysk kleure wiene. Ut dy snuorje, dy't duorre oant likernôch 1950, stamje Laxness syn wichtichste en meast ferneamde wurken, lykas de beide Sjálfstætt Fólk-boeken ("Selsstannich Folk"), histoaryske romans oer de kolonisaasje fan Iislân, de fjouwerdielige Heimsljós-rige ("Wrâldljocht"), dy't troch kritisy beskôge wurdt as syn bêste wurk, en de Íslandsklukkan-trilogy ("Tsjerkklok fan Iislân"), dy't er ûnder de Twadde Wrâldoarloch skreau. Yn 1955 wûn er de Nobelpriis foar de Literatuer "foar syn libbene epyske kinnen dat de grutte fertelkeunst fan Iislân fernijd hat."
Yn 'e tritiger jierren reizge Laxness nei de Sovjet-Uny, wêrnei't er mei bewûndering oer it kommunistyske systeem skreau. De fêstiging fan in permaninte Amerikaanske legerbasis te Keflavik, fuortby Reykjavik, sette him derta oan om 'e satiryske roman Atómstöðin ("It Atoomstasjon") te skriuwen, wêrmei't er de Amerikanen sa tsjin him yn it harnas jage dat hy en syn wurken yn 'e Feriene Steaten op 'e swarte list kamen. Foar syn oeuvre waard Laxness yn 1953 de Literatuerpriis fan de Wrâldfredesried (fan 'e Eastbloklannen) takend, mar nei it delslaan fan 'e Hongaarske Opstân, yn 1956, rekke er wat langer wat mear útsjoen op it kommunisme, en naam er ôfstân fan 'e Sovjet-Uny.
Njonken syn skriuwwurk wie Laxness ek aktyf as oersetter. Op dat mêd brocht er yn 1941 bygelyks A Farewell to Arms, fan 'e Amerikaanske skriuwer Ernest Hemingway, oer nei it Iislânsk, wêrby't er gebrûk makke fan in protte neologismen dy't yn 'e konservative en puristyske Iislânske taalfermiddens foar in soad opskuor soargen. Yn 'e sechstiger jierren wie Laxness benammen aktyf op it mêd fan it skriuwen en regissearjen fan toaniel, wêrby't er fral namme makke mei syn stik Dúfnaveislan ("It Dowefeestmiel"), út 1966. Syn roman Kristnihald undir Jökli ("It Kristendom ûnder de Gletsjer"), út 1968, wie tige súksesfol, en yn 1969 wûn er der de Sonningpriis mei. Syn ynfloedrike ekologyske essay Hernaðurinn gegn Landinu ("De Kriich tsjin it Lân") datearret út 1970.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Laxness wie twaris troud, mei Ingibjörg "Inga" Einarsdóttir, fan 1930 oant 1940, yn in houlik dat einige yn in skieding, en neitiid mei Auður Sveinsdóttir, fan 1945 oant syn dea yn 1998. Hy hie fjouwer bern: Sigríður Mária Elísabet "Maria" Halldórsdóttir (1923); Einar Laxness (1931); Sigríður "Sigga" Halldórsdóttir (1951) en de filmmakster Guðný "Duna" Halldórsdóttir (1954), dy't yn 1999 in adaptaasje fan har heite ferhaal Úngfrúin Góða og Húsið ("De Eare fan it Hûs") regisearre (in film dy't dat jiers meistried om 'e Oscar foar de bêste bûtenlânske film). Laxness syn pakesizzer Auður Jónsdóttir (1973) is op 't heden in foaroansteand Iislânsk skriuwster (wa har wurk oft ek yn it Nederlânsk oerset is).
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't Laxness yn 'e santiger en tachtiger jierren trochgie mei it skriuwen fan benammen essay's, rekke er oanhelle mei de sykte fan Alzheimer, dêr't er sa troch yn 'e minnichte rekke dat er úteinlik opnommen wurde moast yn in fersoargingstehûs. Hy stoar yn Reykjavik yn 1998, yn 'e âlderdom fan 95 jier. Laxness syn hûs Gljúfrasteinn, dat er yn 1948 sette liet op 'e romte bûten Mosfellsbær, is no in oan him wijd museum, dat rund wurdt troch de Iislânske oerheid.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1919 – Barn Náttúrunnar ("Bern fan de Natoer")
- 1924 – Undir Helgahnúk ("Under de Hillige Berch")
- 1927 – Vefarinn Mikli frá Kasmír ("De Grutte Wever út Kasjmier")
- de Salka Valka-boeken
- 1931 – Þú Vínviður Hreini ("O, Jimme Reinen fan Hert")
- 1932 – Fuglinn í Fjörunni ("De Fûgel op it Strân")
- Nederlânske oersetting (fan 'e rige): Salka Valka: Roman van een Menschenleven (fert. Annie Posthumus, 1937)
- Nederlânske oersetting: Salka Valka (fert. Marcel Otten, 2008)
- de Sjálfstætt Fólk-boeken ("Selsstannich Folk")
- de Heimsljós-rige ("Wrâldljocht")
- de Íslandsklukkan-trilogy ("De Tsjerkklok fan Iislân")
- 1943 – Íslandsklukkan ("De Tsjerkklok fan Iislân")
- 1944 – Hið Ljósa Man ("De Ljochte Faam")
- 1946 – Eldur í Kaupinhafn ("Brân yn Kopenhagen")
- 1948 – Atómstöðin ("It Atoomstasjon")
- 1952 – Gerpla ("De Fleurige Krigers")
- 1957 – Brekkukotsannáll ("De Fisk Dy't Sjonge Kin")
- 1960 – Paradísarheimt ("It Paradys Weromnommen")
- 1968 – Kristnihald undir Jökli ("Kristendom ûnder de Gletsjer")
- 1970 – Innansveitarkronika ("In Parochykronyk")
- 1972 – Guðsgjafaþula ("In Fertelling fan Gods Jeften")
Koarte ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1923 – Nokkrar Sögur
- 1933 – Fótatak Manna
- 1935 – Þórður Gamli Halti
- 1942 – Sjö Töframenn
- 1954 – Þættir (ferhalebondel)
- 1964 – Sjöstafakverið
- 1981 – Við Heygarðshornið
- 1987 – Sagan af Brauðinu Dýra
- 1992 – Jón í Brauðhúsum
- 1996 – Fugl á Garðstaurnum og Fleiri Smásögur
- 1999 – Úngfrúin góða og Húsið
- 2000 – Smásögur
- 2001 – Kórvilla á Vestfjörðum og Fleiri Sögur
Reisferhalen en essay's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1925 – Kaþólsk Viðhorf ("Katolyk Oansjen"; essay)
- 1929 – Alþýðubókin ("It Boek fan it Folk"; essay)
- 1933 – Í Austurvegi ("Yn it Eastseegebiet"; reisferhaal)
- 1938 – Gerska Æfintýrið ("It Russyske Aventoer"; reisferhaal)
Toanielstikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1934 – Straumrof
- 1950 – Snæfríður Íslandssól (in útwurking fan in passaazje út 'e roman Íslandsklukkan)
- 1954 – Silfurtúnglið
- 1961 – Strompleikurinn
- 1962 – Prjónastofan Sólin
- 1966 – Dúfnaveislan
- 1970 – Úa (in útwurking fan in passaazje út 'e roman Kristnihald undir Jökli)
- 1972 – Norðanstúlkan (in útwurking fan in passaazje út 'e roman Atómstöðin)
Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1925 – Únglíngurinn í Skóginum
- 1930 – Kvæðakver
Autobiografysk wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1952 – Heiman Eg Fór
- autobiografy
- 1975 – Í Túninu Heima (diel 1)
- 1976 – Úngur Eg Var (diel 2)
- 1978 – Sjömeistarasagan (diel 3)
- 1980 – Grikklandsárið (diel 4)
- 1987 – Dagar Hjá Múnkum
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1953 | Literatuerpriis fan de Wrâldfredesried | wûn | n.f.t. | oeuvre |
1955 | Nobelpriis foar de Literatuer | wûn | n.f.t. | oeuvre |
1969 | Sonningpriis | wûn | bêste roman | Kristnihald undir Jökli |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Yslânsk romanskriuwer
- Yslânsk skriuwer fan histoaryske fiksje
- Yslânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Yslânsk reisferhaleskriuwer
- Yslânsk toanielskriuwer
- Yslânsk dichter
- Yslânsk essayist
- Yslânsk autobiograaf
- Yslânsk oersetter
- Yslânsk toanielregisseur
- Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer
- Persoan berne yn 1902
- Persoan stoarn yn 1998