Springe nei ynhâld

Einar Hákonarson

Ut Wikipedy
Halldór Laxness (Porträt von Einar Hákonarson)

Einar Hákonarson (Reykjavík, 14 jannewaris 1945) is in Yslânsk ekspresjonistysk en figuratyf skilder en grafikus.

Hákonarson studearre fan 1960 oant 1964 oan it Icelandic College of Art and Crafts yn Reykjavík. Dêrnei studearre er fierder oan de Valand School of Fine Arts yn Göteborg, Sweden. Al yn syn studintetiid taaste de Pop-Art him yn it gemoed, en ek it wurk fan in David Hockney en Francis Bacon hawwe him beynfloede. Hy wennet mei syn húshâlding yn Hólmavík en wurket yn Reykjavík.

Hákonarson siet yn 1984 en 1986 yn it komitee fan it Yslânsk paviljoen op de Biennale fan Feneetsje.

  • Julian Freeman, Landscapes from a high latitude: Icelandic art, 1909-1989, Lund Humphries, 1989, ISBN 978-0-85331573-5