Auður Jónsdóttir

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Auður Jónsdóttir
Livro preto.svg skriuwer
Audur Jonsdottir, nominerad till Nordiska radets litteraturpris 2006.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Auður Jónsdóttir
nasjonaliteit Flag of Iceland.svg Iislânsk
berne 30 maart 1973
berteplak Reykjavik (Iislân)
etnisiteit Flag of Iceland.svg Iislânsk
wurk
taal Iislânsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
berneboeken, toaniel, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
Skrýtnastur Er Maður Sjálfur
Fólkið í Kjallaranum
Vetrarsól
prizen Iislânske Literatuerpriis 2004
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
www.jonsdottir.com (deade link)

Auður Jónsdóttir (de ð is de stimhawwende th lykas yn it Ingelske wurd this) (útspr.: ['øiðœr 'jo:nsdo:tɪr], likernôch "euzur joonsdootir"; Reykjavik, 30 maart 1973) is in Iislânsk sjoernaliste en skriuwster fan romans, koarte ferhalen, berneboeken, toanielstikken en non-fiksje. Hja is de pakesizzer fan 'e Nobelpriiswinner Halldór Laxness, en wûn sels yn 2004 de Iislânske Literatuerpriis.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Auður Jónsdóttir waard yn 1973 berne yn 'e Iislânske haadstêd Reykjavik. As pakesizzer fan 'e skriuwer Halldór Laxness, dy't yn 1955 de Nobelpriis foar de Literatuer wûn, groeide hja op yn in boekeminnend fermidden. Jónsdóttir die in sjoernalistike oplieding, en wurket noch altyd as freelance-sjoernaliste. Yn 1998 publisearre se har debútroman Stjórnlaus Lukka ("Loksilligens"), wêrmei't se daliks in nominaasje yn 'e wacht sleepte foar de Iislânske Literatuerpriis foar bêste fiksje.

Sûnt hat Jónsdóttir noch in fiiftal romans, in stikmannich koarte ferhalen en guon berneboeken útbrocht. Har opmerklikste berneboek is Skrýtnastur Er Maður Sjálfur ("It Nuverste Is Men Sels"), út 2002, dat in biografy fan har pake Halldór Laxness is dy't skreaun is foar bern. Om dat wurk waard Jónsdóttir priizge troch de Iislânske Uny fan Bibleteken, dy't it as tige gaadlik ûnderwiismateriaal foar bern beskôge.

Har grutste súkses hie Jónsdóttir mei har roman Fólkið í Kjallaranum ("De Minsken yn de Kelder"), dêr't se yn 2004 de Iislânske Literatuerpriis foar bêste fiksje mei wûn en dêr't se yn 2006 mei nominearre waard foar de tige prestizjeuze Literatuerpriis fan de Noardske Ried. It boek ferskynde yn Deenske, Sweedske en Dútske oersettings, en waard ek yn dy lannen tige goed ûntfongen. Yn 2006 waard Jónsdóttir foar de roman Tryggðapantur ("In Leafdesteken") nochris nominearre foar in Iislânske Literatuerpriis.

Auður Jónsdóttir lêst foar út eigen wurk ûnder in gearkomste fan 'e Noardske Ried.

Har roman Vetrasól ("Wintersinne"), út 2008, waard yn 2011 yn it Dútsk publisearre troch Random House ûnder de titel Jenseits des Meeres Liegt die Ganze Welt, en yn it Nederlânsk troch Querido as Daarginds. Sawol yn Dútslân as yn Nederlân wiene de kritiken loovjend. De filmrjochten op Vetrasól en Fólkið í Kjallaranum binne ûnderwilens ferkocht.

Jónsdóttir wurke yn 2009 en 2010 in jier as fêst skriuwster foar it Stedsteäter fan Reykjavik, wêrby't se yn gearwurking mei Ólafur Egilsson in toanieladaptaasje fan har roman Fólkið í Kjallaranum makke. It stik waard yn 2010 en 2011 opfierd en wie in grut súkses. Jónsdóttir en Egilsson wûnen in Iislânske Teäterpriis foar bêste toanieladaptaasje.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Auður Jónsdóttir wennet yn Reykjavik. Hja is troud mei de Iislânske auteur en yllústrator Þórarinn Leifsson en hat mei him in soan.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

romans
  • 1998 – Stjórnlaus Lukka ("Loksilligens")
  • 2000 – Annað Líf ("In Oar Libben")
  • 2004 – Fólkið í Kjallaranum ("De Minsken yn de Kelder")
    • Flag of Denmark.svg Deenske oersetting: Dem i Kælderen (fert. Susanne Grubb, 2006)
    • Flag of Sweden.svg Sweedske oersetting: Folket i Källaren (fert. Maria K. Nygård, 2007)
    • Flag of Germany.svg Dútske oersetting: Die Leute von Unten (fert. Hartmut Mittelstädt, 2011)
  • 2006 – Tryggðapantur ("In Leafdesteken")
    • Flag of Denmark.svg Deenske oersetting: Depositum (fert. Claus Clausen, 2009)
  • 2008 – Vetrarsól ("Wintersinne")
    • Flag of Germany.svg Dútske oersetting: Jenseits des Meeres Liegt die Ganze Welt (fert. Kristof Magnusson, 2011)
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Daarginds (fert. Esther Ottens, 2012)
  • 2012 – Ósjálfrátt ("Unselsstannich")
berneboeken
  • 2001 – Algjört Frelsi ("Folsleine Frijheid")
  • 2002 – Skrýtnastur Er Maður Sjálfur ("It Nuverste Is Men Sels"; biografy fan Halldór Laxness skreaun foar bern)
  • 2003 – Gagga og Ari ("Gagga en Ari")
  • 2005 – Allt Getur Gerst ("Alles Kin Barre")
koarte fiksje
  • 1997 – Gifting ("Trouwerij")
    • Flag of Germany.svg Dútske oersetting: Die Hochzeit (fert. ?, 2000)
  • 2001 – Feita Mamman ("De Grouwe Mem")
  • 2002 – Litli Lögfræðingurinn ("De Lytse Abbekaat")
  • 2003 – Casablanca
  • 2004 – Heillaráð Ófeigs ("Ófeig Syn Goerie")
  • 2006 – Sögurnar ("De Ferhalen"; bondel)

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1998 Iislânske Literatuerpriis nominearre bêste fiksje Stjórnlaus Lukka
2002 Iislânske Boekepriis nominearre bêste berneboek Skrýtnastur Er Maður Sjálfur
2004 Iislânske Literatuerpriis wûn bêste fiksje Fólkið í Kjallaranum
2006 Iislânske Literatuerpriis nominearre bêste fiksje Tryggðapantur
Literatuerpriis fan de Noardske Ried nominearre n.f.t. Fólkið í Kjallaranum
2010 Iislânske Teäterpriis (Griman) wûn bêste toanieladaptaasje Fólkið í Kjallaranum

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.