Tennis op de Paralympyske Simmerspullen
Tennis, yn dizze kontekst ek wol bekend as rôlstoeltennis, is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean.
Regels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De regels foar het Paralympysk tennis komme oerien mei it gewoane tennis. It ienichste ferskil is dat de bal twa kear stuitsje mei foardat er weromslein wurde moat. De earste stuit moat binnen it spylfjild wêze, de twadde mei bûten wêze. De wedstriden geane oer maksimaal trije sets.
Klasifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tennissers moatte in bliuwend substansjeel of in folslein ferlies fan de funksje yn de fuotten hawwe yn tenminsten ien foet. Tennissers dy’t in beheining yn trije as mear lichemsdielen hawwe, dogge mei by it kwad-ûnderdiel. By it kwadtennis spylje manlju en froulju troch elkoar en is der gjin aparte kompetysje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tennis stiet fan 1992 ôf op it programma. Yn 1988 wie it al in demonstraasjesport. De kwads dogge sûnt 2004 mei op de Spullen yn in mingd toernoai.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sport op de Paralympyske Simmerspullen | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | ||
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen | ||
· · |