Springe nei ynhâld

Blinefuotbal op de Paralympyske Simmerspullen

Ut Wikipedy
Blinefuotbal

Blinefuotbal, ek wol Fuotbal (5 tsjin 5) en football 5-a-side neamd, is ien fan de sporten dy't op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stiet. It wurd spile troch in team fan fisueel beheinde fuotballers en in doelman, dy't wol sjen kin.

Elts team bestiet út fiif spilers. Der jilde deselde regels as by it reguliere fuotbal, op in inkele ôfwiking nei. It team hat ek twa coaches dy't de spilers assisteare by it bepalen fan harren posysje. Ien dêrfan stiet meastentiids efter it doel fan de tsjinstanner om oanwizings te jaan wannear't de spilers op it doel sjitte.

Ofwikende regels:

  • Yn de bal binne beltsjes ferwurke sadat de spilers de posysje fan de bal hearre kinne.
  • Alle spilers brûke in blindearre skybril om har eagen folslein te bedekken.
  • It fjild is lytser (38 oant 42 meter by 18 oant 22 meter) en it doel is ek lytser (3 by 2 meter).
  • It fjild hat oan de sydkânten in boarding, sadat de bal der nea út komme kin.
  • De doelman hat mar in beheinde romte foar syn doel, dêr't er yn bliuwe moat.
  • De doelman mei wol sjen en mei ek oanwizings jaan.
  • Der is gjin bûtenspul.
  • In wedstriid bestiet út twa spylhelten fan elts 25 minuten.

De fuotballers binne fisueel beheind en falle yn de offisjele klassifikaasje B1, B2 as B3.

De sport stiet sûnt 2004 op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen.

EdysjeGoudSulverBrûns
Atene 2004Flagge fan Brazylje BRAFlagge fan Argentynje ARGFlagge fan Spanje ESP
Peking 2008Flagge fan Brazylje BRAFlagge fan de folksrepublyk Sina CHNFlagge fan Argentynje ARG
Londen 2012Flagge fan Brazylje BRAFlagge fan Frankryk FRAFlagge fan Spanje ESP
Rio de Janeiro 2016Flagge fan Brazylje BRAFlagge fan Iran IRIFlagge fan Argentynje ARG
Tokio 2020Flagge fan Brazylje BRAFlagge fan Argentynje ARGFlagge fan Marokko MAR
Parys 2024

Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Editielannen
Atene 2004 Argentynje Brazylje Spanje Frankryk Grikelân Súd-Koreä
Peking 2008 Argentynje Brazylje Sina Spanje Grut-Brittanje Súd-Koreä
Londen 2012 Argentynje Brazylje Sina Frankryk Grut-Brittanje Iran Spanje Turkije
Rio de Janeiro 2016 Argentynje Brazylje Iran Marokko Meksiko Sina Spanje Turkije
Tokio 2020 Argentynje Brazylje Frankryk Japan Marokko Sina Spanje Tailân
Parys 2024

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Blinefuotbal op de Paralympyske Simmerspullen
Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024
· · Berjocht bewurkje


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
· · Berjocht bewurkje