Springe nei ynhâld

Judo op de Paralympyske Simmerspullen

Ut Wikipedy

Judo is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean. Op de Paralympyske Simmerspullen is it in sport foar sporters mei in fisuele beheining. Der wurdt troch sawol troch manlju as froulju striden yn ferskillende gewichtsklassen.

De regels fan it judo binne ferlykber mei it reguliere judo, mei inkele oanpassings. Der wurdt gebrûk makke fan in ribbelde matte sadat de dielnimmers harren posysje fiele kinne. Ek roppe de skiedsrjochters wannear't de judoka’s te ticht by de râne fan de matte komme en wurdt der hieltyd begûn fanút in posysje wêrby't de twa judoka’s elkoar losjes fêsthâlde; de Kumikata-greep. fierder moatte se de fuotten gelyk of parallel oan inoar hâlde, oant de skiedsrjochter “hajime” ropt.

It judo stiet fan 1988 ôf op it Paralympysk programma. Der waard yn seis gewichtsklassen striden. Sûnt 2004 dogge ek froulju mei. Hjoed de dei binne der sân gewichtsklassen foar manlju en seis foar froulju.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
· · Berjocht bewurkje


Judo op de Paralympyske Simmerspullen
Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 |
· · Berjocht bewurkje