Boccia op de Paralympyske Simmerspullen
Appearance
Boccia is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean. Dy smytsport is ferlykber mei petanque en wordt beoefene troch sporters mei in harsenferlamming as mei oare slimme motoaryske beheinings. It is ien fan de trije Paralympyske sporten dy’t gjin Olympyske tsjinhinger hat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boccia stiet fan 1984 ôf op it programma. Der wie destiids in aparte kompetysje foar manlju, froulju en mingde klassen. Fan de twadde edysje ôf wurdt der allinne noch mar yn mingde klassen spile.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1984 oant en mei 1996 waard der wurke mei de klassen C1 oant C2
Fan 2000 ôf waarden dit BC-klassen rinnend fan 1 oant en mei 4.
- BC1 - Spilers goaie de bal mei de hân as mei de foet. In assistint mei helpe by it stabilisearjen en oanpassen fan de stoel en de bal oanjaan oan de spiler.
- BC2 - Spilers goaie mei de hân. Assistinsje is net tastien.
- BC3 - Spilers meie helpmiddels brûke. In assistint mei helpe, mar dy moat mei de rêch nei it spylfjild ta stean en har eagen fan it spul hâlde.
- BC4 - Assistinsje is net tastien.
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt yn ien as meardere klassen om de medaljes striden.
Edysje | Yndividueel | Duo’s | Trio’s |
---|---|---|---|
New York & Stoke Mandeville 1984 | Manlju C1 Manlju C2 Froulju C1 Froulju C2 |
Iepen | |
Seoel 1988 | C1 C2 |
C1 C2 | |
Barselona 1992 | C1 C2 |
C1 C2 | |
Atlanta 1996 | C1 C1 C2 |
C1 | C1 C2 |
Sydney 2000 | BC1 BC2 BC3 |
BC3 | BC1 BC2 |
Atene 2004 | BC1 BC2 BC3 BC4 |
BC3 BC4 |
BC1 BC2 |
Peking 2008 | BC1 BC2 BC3 BC4 |
BC3 BC4 |
BC1 BC2 |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sport op de Paralympyske Simmerspullen | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | ||
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen | ||
· · |