Springe nei ynhâld

Sem Dresden (skriuwer)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 apr 2021 om 22.46 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Literatuer: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Sem Dresden (skriuwer)
skriuwer
Dresden (links) jout de P.C. Hooftpriis 1987 oan Hugo Brandt Corstius
Dresden (links) jout de P.C. Hooftpriis 1987 oan Hugo Brandt Corstius
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 5 augustus 1914
berteplak Amsterdam
stoarn 6 maaie 2002 (87 jier)
stjerplak Leien
wurk
taal Nederlânsk
sjenre essay

Samuel (Sem) Dresden (Amsterdam, 5 augustus 1914Leien, 6 maaie 2002) wie in Nederlânske literatuerwittenskipper, romanist en essayist. Hy wie in neef fan de komponist Sem Dresden (1881-1957).

Dresden (fierste rjochts) as earepromotor fan Jean Schlumberger (1954); yn 'e midden E.M. Forster

Samuel Dresden stamme út in joadske famylje. Hy wie in soan fan diamantsliper Abraham Dresden (Amsterdam, 8 jannewaris 1890 - Oranienburg, 31 jannewaris 1945) en Henriette Smit (Amsterdam, 5 septimber 1889 - Eidelstadt, 22 april 1945). Dresden gie nei it Vossius Gymnasium yn Amsterdam en die dêrnei steatseksamen gymnasium A. Hy studearre wiisbegearte en Frânsk yn Amsterdam en oan de Sorbonne yn Parys. Hy wie in skoft learaar yn De Haach en waard dêrnei yn 1939 learaar oan in lyseum yn Amsterdam. Op 29 septimber 1941 promovearre er yn Amsterdam op it proefskrift L'artiste et l'absolu. Paul Valéry et Marcel Proust.

Yn de Twadde Wrâldoarloch wie er fan 1941 oant 1943 learaar oan it Joadsk Lyseum en de Joadske Hannelsskoalle yn Amsterdam. Hy waard fan 23 septimber 1943 oant 12 april 1945 fêstholden yn Kamp Westerbork. Oan de ein fan de kriich gie er werom nei Amsterdam en waard dêr op 'en nij learaar oan it lyseum.

Dresden waard yn 1947 beneamd ta heechlearaar moderne Frânske letterkunde oan de Ryksuniversiteit Leien. Yn 1962-1963 wie er rektor magnifikus en fan 1975 oant 1981 beklaaide er de learstoel 'algemiene literatuerwittenskip'. Fan 1978 oant 1981 wie Dresden presidint fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).

Dresden publisearre, neist sa'n 200 artikelen, in soad boeken. Vervolging, vernietiging, literatuur, oer it literêr ferwurkjen fan de Holokaust troch joaden, is wierskynlik syn meast ferneamde wurk. Dresden krige mear as ien literêre ûnderskiedingen en siet sels faak yn sjuerys fan literêre prizen, ûnder oaren fan de Martinus Nijhoffpriis.

Yn 1981 waard Dresden beneamd ta Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Dresden troude op 26 july 1939 yn Amsterdam mei Henny Clara Konijn (1916-2013), dochter fan keapman Jacob Konijn (1884 - Auschwitz, 1942) en Judith Chumaceiro (1885 - Auschwitz, 1942). Sy krigen twa dochters en in soan:

  • Henriette (Hans) Dresden (1940)
  • Judith Dresden (1941)
  • Mark Job Dresden (1948)
De grêven fan Sem Dresden en Henny Konijn op it Joadsk begraafplak yn Katwijk

In kar:

  • (1941) L'artiste et l'absolu. Paul Valéry et Marcel Proust (dissertaasje)
  • (1946) Existentie-philosophie en literatuurbeschouwing
  • (1947) Moderne Franse romankunst
  • (1949) Bezonken avonturen
  • (1952) Critiek op de tweesprong
  • (1952) Montaigne, de spelende wijsgeer
  • (1954) Het probleem der literaire werkelijkheid
  • (1956) De structuur van de biografie
  • (1957) Marionettenspel met de dood (yn'e mande mei Simon Vestdijk)
  • (1958) Over het lezen en het boek
  • (1959) De literaire getuige
  • (1963) Souvenir
  • (1965) Wereld in woorden
  • (1966) Humanistische wijsheidsidealen
  • (1967) Het humanistische denken
  • (1972) Rabelais - nuchtere dronkenschap
  • (1978) Inleiding tot 'Du côté de chez Swann' fan Marcel Proust
  • (1980) Het einde
  • (1980) Symbolisme
  • (1983) Beeld van een verbannen intellectueel
  • (1983) Bezig zijn met literatuur
  • (1987) Wat is creativiteit?
  • (1991) Vervolging, vernietiging, literatuur
  • (1992) Michel de Montaigne
  • (1995) Joodse waardigheid
  • (1997) Het vreemde vermaak dat lezen heet
  • (2002) Over de biografie (red. Leo van Maris en Herman Verhaar)
  • (2005) Het beste van Dresden (red. Leo van Maris, Paul J. Smith en Evert van der Starre)

Underskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • S. A. Varga: Levensbericht S. Dresden. Yn: Levensberichten en herdenkingen, der Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen. 2004, Amsterdam, s. 38–45 (Online)
  • Evert van der Starre: Samuel Dresden (Amsterdam 5 augustus 1914 - Leiden 6 mei 2002). Yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde te Leiden, 2001-2002. Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, Leien, 2003 (Online)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: