Springe nei ynhâld

Amerikaanske presidintsferkiezings (2012)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 apr 2021 om 23.04 troch Ciaran.london (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Amerikaanske presidintsferkiezings
<< 2008    •   6 novimber 2012   •   2016 >>
opkomst: 54,9%
wichtichste presidintskandidaten

Barack Obama
út Illinois
Demokratyske Partij

Mitt Romney
út Massachusetts
Republikeinske Partij

fise-presidintskandidaten

Joe Biden

Paul Ryan

ferkiezingsútslach

332 kiesmannen
26 steaten + DC
65.915.795 stimmen
51,1%

206 kiesmannen
24 steaten
60.933.504 stimmen
47,2%

útslach nei steat
Utslach nei steat mei it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje oanjûn. Der binne 270 kiesmannen nedich om te winnen.

De Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2012 waarden op 6 novimber 2012 holden. Barack Obama waard mei dizze 57ste presidintsferkiezing foar de twadde kear keazen as presidint fan de Feriene Steaten.

Formeel waarden op 6 novimber allinnich de kiesmannen fan it kieskolleezje keazen, dy't op 17 desimber stimme mochten op de presidintskandidaten. De presidintskandidaat mei 270 of mear kiesmannen fan it kieskolleezje wint de presidintsferkiezing. Lykas fêstlein yn de grûnwet waard de winner fan de presidintsferkiezings op 20 jannewaris 2014 beëdige.

Tagelyk mei de presidintsferkiezings waarden der ek ferkiezings holden foar it Amerikaansk Kongres, yn alve steaten waard in gûverneur keazen, en yn ferskate oare steaten waard it parlemint fannijs keazen.

Feroaringen yn it kieskolleezje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de presidintsferkiezings fan 2008 waard it tal kiesmannen yn ferskate steaten feroare. De ferdieling waard makke neffens de United States Census 2010, in folkstelling dy't yn april 2010 holden waard. Acht steaten (Arizona, Florida, Georgia, Nevada, South Carolina, Texas, Utah en Washington) krigen mear kiesmannen. Yn tsien steaten (Illinois, Iowa, Louisiana, Massachusetts, Michigan, Missouri, New Jersey, New York, Ohio en Pennsylvania) waard it tal kiesmannen minder.

Yn 2008 wûn Barack Obama de presidintsferkiezings mei 365 fan de 538 kiesmannen. Neffens de nije ferdieling soe hy dêrtroch by de ferkiezings fan 2012 seis stimmen ferlieze en 359 fan de 538 kiesmannen krije.

Foaral yn it noardeasten fan de Feriene Steaten waard it tal kiesmannen minder. Foar de Republikeinen soenen de nije ferhâldings yn it kieskolleezje geunstich wêze. De steat Teksas stimd fanâlds yn in mearderheid foar de Republikeinen, dy steat krige troch de folkstelling fan 2010 fjouwer kiesmannen derby.

De steaten dy't yn 2008 foar de Republikeinske presidintskandidaat John McCain keazen krigen der yn totaal acht kiesmannen by, wylst twa steaten beide ien kiesman ferlieze. De steaten dy't yn 2008 foar de Demokratyske presidintskandidaat Barack Obama keazen, hienen dêrtroch seis kiesmannen minder by de presidintsferkiezings fan 2012.

Op 4 april 2011 die de doetiidske presidint Barack Obama te witten dat hy him wer ferkiesber stelle soe. Op 28 jannewaris 2012 makke Obama wrâldkundich dat Joe Biden fannijs syn running mate wurde soe.

Mitt Romney, de eardere gûverneur fan Massachusetts waard 31 augustus 2012 offisjeel troch de Republikeinske Partij keazen as harren presidintskandidaat.

Neist de Demokratyske en Republikeinske presidintskandidaten binne der noch twa kandidaten dy't teoretysk 270 kiesmannen helje kinne soenen. Dat binne Gary Johnson fan de Libertarian en Jill Stein út namme fan de grienen.

Ferkiezingskalinder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 6 novimber 2012 - Ferkiezingsdei.
  • 17 desimber 2012 - Kieskolleezje kiest in presidint en fise-presidint.
  • 3 jannewaris 2013 - It nije Amerikaansk Kongres wurdt ynsward.
  • 20 jannewaris 2013 - De ynauguraasje fan de nije presidint, begjin fan in nije amtstiid.
  • 21 jannewaris 2013 - De seremoanje hearrende by de ynauguraasje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]