Springe nei ynhâld

Bernardus Johannes Alfrink

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 des 2020 om 07.15 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Bernardus Johannes (Bernard Jan) Alfrink
   kristlik lieder
Kardinaal Alfrink
Kardinaal Alfrink
amt en titulatuer
amt aartsbiskop fan Utert, militêr ordinarius
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
tsjerkeprov. Nederlân
bisdom Utert
amtsperioade 1955-1975
foargonger Johannes de Jong
opfolger Johannes Willebrands
biedwurd EVANGELIZARE DIVITIAS CHRISTI
wurkpaad
preesterwijing 15 augustus 1924
biskopswijing 17 july 1951
kardinaal 1960
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânske nasjonaliteit
berteplak Nijkerk
stjerdatum 5 july 1900
stjerplak Nieuwegein
etnisiteit 17 desimber 1987

Bernardus Johannes (Bernard Jan) Alfrink (Nijkerk, Gelderlân, 5 july 1900 - Nieuwegein, Utert, 17 desimber 1987) wie in Nederlânske aartsbiskop, kardinaal en metropolyt yn de Roomsk-Katolike Tsjerke. Hy tsjinne fan 1955 oant 1975 as aartsbiskop fan Utert en waard yn 1960 ta kardinaal beneamd.

Alfrink syn wapen

Alfrink waard berne yn Nijkerk yn de provinsje Gelderlân as soan fan Theodore John Alfrink en Elisabeth Catharina Ossevoort. Hy krige syn earste kommuny yn 1911 en folge syn prysteroplieding oan it seminaarje fan Rijsenburg en oan it Pauslik Bibelynstitút fan Rome. Op 15 augustus 1924 waard Alfrink troch aartsbiskop Henricus van de Wetering ta pryster wijd. Yn 1930 foltôge hy syn stúdzje oan 'e École biblique fan Jeruzalim en waard doe kapelaan yn Maarssen. Oant 1933 die er ek pastoraal wurk yn Utert. Alfrink joech les oan it seminaarje fan Rijsenburg tusken 1933 en 1945 en letter, tusken 1945 en 1951, oan de Katolike Universiteit fan Nimwegen.

Op 28 maaie 1951 waard Alfrink fanwegen de minne sûnens fan kardinaal Johannes de Jong beneamd ta aartbiskop-koadjutor fan Utert en titulêr aartsbiskop fan Tyana. Op 17 july fan datselde jier krige Alfrink yn de Katerinakatedraal de biskoplike wijing fan aartsbiskop Paolo Giobbe, de pauslike nuntius yn De Haach.

Alfrink folge yn 31 oktober 1955 kardinaal De Jong as aartsbiskop op en waard op 16 april 1957 beneamd ta biskop fan it Nederlânsk Militêr Ordinariaat. Hy droech by oan wittenskiplike publikaasjes en wie ek in lieder fan 'e "Pax Christi-beweging" yn Nederlân. Johannes XXIII beneamde Alfrink op 28 maart 1960 ta kardinaal.

Op 5 july 1975 bea Alfrink syn ûntslach oan, dat troch paus Paulus VI akseptearre waard.

Alfrink waard opfolge troch Johannes Willebrands en wenne yn augustus en oktober 1978 de konklaven by foar de ferkiezing fan pausen Johannes Paul I en Johannes Paul II.

Bernardus Alfrink stoar op 17 desimber 1987 yn Nieuwegein en waard begroeven yn de Katarinakatedraal yn Utert.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]