Springe nei ynhâld

Acre (oerflaktemjitte)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 nov 2020 om 14.35 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In ferliking fan guon metrike en net-metrike oerflaktemjitten.

In acre (Ingelske útspr.: ['e:kǝɹ]) is in oerflaktemjitte dy't brûkt wurdt yn it ymperiale stelsel en it Amerikaansk stelsel fan mjitten. It beslacht in gebiet dat likernôch sa grut is as 4.047 , of 40,5 are, of 0,4 hektare, of 1,1 pûnsmiet.

Yn ferliking mei oare mjitten fan deselde mjitstelsels stiet in acre gelyk oan 0,0015625 kante myl, 4.840 kante yards en 43.560 kante foet. Ynternasjonaal is de ôfkoarting ac it symboal foar de acre, en wurdt dizze oerflaktemjitte definiëarre as 1/640 fan in kante myl. De ynternasjonale acre wurdt tsjintwurdich it measte brûkt, hoewol't yn 'e Feriene Steaten dêrnjonken ek noch de U.S. survey acre bestiet, dy't justjes fan 'e ynternasjonale noarm ôfwykt.

Histoarysk wie in acre in stik lân dat 40 roeden (oftewol 1 furlong of ⅛ myl of 660 foet) lang wie, en 4 roeden (of 66 foet) breed. Men is fan tinken dat dat likernôch de grûnmjitte wie dy't men mei in jok oksen yn ien dei beploegje koe.

De acre wurdt hjoed de dei in soad, mar net eksklusyf brûkt yn 'e folgjende lannen: Antigua en Barbûda, de Bahama's, Belize, Burma, Dominika, de Feriene Steaten, Grenada, Yndia, Jamaika, Pakistan, Samoä, Sint-Finsint en de Grenadinen, Sint-Lusia en Sint-Kits en Nevis. Ek yn Grut-Brittanje, Kanada en Austraalje wurdt de acre noch allegeduerigen brûkt, hoewol't dy lannen wetlik oergien binne op it metrike stelsel. De acre is fierders noch in offisjele oerflaktemjitte yn 'e Britske oerseeske territoaria de Britske Famme-eilannen, de Falklâneilannen, de Kaaimaneilannen, Montserrat, Sint-Helena en de Turks- en Kaikoseilannen, en yn 'e Amerikaanske territoaria Amerikaansk Samoä, Gûam en de Noardlike Marianen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.