Springe nei ynhâld

Isaiah Dorman

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 okt 2020 om 22.50 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) ([[]] oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Isaiah Dorman
persoanlike bysûnderheden
echte namme Isaiah Dorman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1832? / 1840?
berteplak Philadelphia? / yn Louisiana?
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt houtsjer, keapman, jager,
postrinner
aktyf as gids, tolk
jierren aktyf 18501876
reden
  bekendheid
sneuvele yn 'e ferneamde
   Slach oan de Little Bighorn

Isaiah Dorman (?, 18?? – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk houtsjer, keapman, jager en postrinner fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf, dy't ûnder de Flakte-Yndiaanske oarloggen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw as gids en tolk wurksum wie foar it Amerikaanske Leger. Hy kaam om yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, en wie de iennichste neger dy't by dy konfontaasje it libben liet.

Der is net folle bekend oer Dorman syn iere libben. Neffens ien ferhaal soed er yn 1832 yn 'e stêd Philadelphia berne wêze as frij man, wylst neffens oare boarnen syn bertejier 1840 wie. Beskate offisjele dokuminten wize derop dat er yn 'e Súdlike Amerikaanske steat Louisiana berne wêze soe, dêr't er in slaaf west hawwe soe fan 'e D'Orman-famylje, wêrfan't er dan letter de namme oannommen hawwe soe. Deselde boarnen suggerearje dat Dorman ûntsnapt wêze soe en nei it Wylde Westen flechte wie.

Hoe dan ek, bekend is dat Dorman him omtrint 1850 yn 'e neite fan Fort Rice fêstige, yn 'e Dakota's, dêr't er himsels ûnderhold as houtsjer, troch foar it Amerikaanske garnizoen dêre hout te hakjen. Der is gjin inkele foto fan Dorman oerlevere, en de iennichste omskriuwings neame him "hiel grut" en "hiel swart". Letter yn 'e 1850-er jierren wied er aktyf as keapman en as jager, en troude er mei in Yndiaanske squaw fan 'e Eastlike Dakota-troep fan it opperhaad Reade Mûtse. De (Sioux) neamden him Aziŋpi, dat oerset wurde kin as 'Bizonjaar', miskien om't it jaar fan in bizon ek in swarte kleur hat, om mooglik om't de klank fan syn namme 'Isaiah' (útspr.: [ai̭'ze:jə], "aizeeje") wol wat wei hie fan Aziŋpi. It liket derop dat er freonskiplike relaasjes ûnderhold mei de Yndianen, en neffens guon ferhalen wied er persoanlik bekend mei de foaroansteande Lakota-medisynman Sittende Bolle.

Yn novimber 1865 waard Dorman ynhierd om 'e post te ferfieren fan Fort Rice nei Fort Wadsworth en werom, oer in totale ôfstân fan 580 km, foar in lean fan $100 yn 'e moanne, wat doedestiden in prima salaris wie. Neffens it ferhaal beskikte Dorman net oer in hynder, en lei er de hiele ôfstân geandefoets ôf, mei syn sliepsek oer it skouder en de post yn in wettertichte pûde. Dat soed er sa'n twa jier lang folholden hawwe (hoewol't men oannimme mei dat er nei ferrin fan tiid fan opsparre jild in hynder keapje koe). Yn septimber 1871 tsjinne Dorman as gids en tolk foar in groep yngenieurs en lânmjitters fan 'e spoarmaatskippij Northern Pacific Railroad. Teffens naam er yn 1874 wierskynlik yn dyselde hoedanichheid diel oan 'e Ekspedysje nei de Black Hills fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Der besteane teminsten ferwizings nei in 'tsjinstfeint' mei de namme 'Isa', dy't Custer op dy ekspedysje beselskippe hawwe soe; it tinken is dat dat Dorman west hawwe moat, beskreaun troch lju dy't him fierders net koene en alle swarten as tsjinstfolk beskôgen.

De Slach oan de Little Bighorn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Grutte Sû-Oarloch waard Dorman oan 'e ein fan 'e maityd fan 1876 ynhierd troch Custer om as tolk op 'e nij it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint te beselskipjen op 'e simmerkampanje fan dat jier tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Neffens ien ferslach fan 'e kampanje sette Dorman net ôf mei de 7e Kavalery, mar waard er neitiid mei in boadskip út Fort Abraham Lincoln efter de kolonne oan stjoerd en joech er him dêrby oan 'e igge fan 'e rivier de Rosebud. It formele fersyk fan Custer om Dorman oan syn rezjimint ta te foegjen, bestiet lykwols noch altyd en is datearre op 14 maaie, trije dagen foar't de kolonne út Fort Abraham Lincoln ôfsette.

Op 15 juny 1876 foel it 7e Kavaleryrezjimint in grut Yndiaansk doarp oan, dat ûntdutsen wie oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn súdlik Montana. Dêrby makke Dorman diel út fan it detasjemint fan trije kompanjyen ûnder majoar Marcus Reno, dat it doarp fan 'e súdkant ôf oanfoel. Custer sels ried mei 5 oare kompanjyen om en foel út noarden wei oan, mar waard ferslein en syn detasjemint waard oan 'e lêste man ta útrûge. De oanfal fan Reno syn trije kompanjyen waard ek ôfslein, en de majoar late in gaoatyske flecht werom oer de rivier nei de hege kliffen oan 'e oare kant ta, wêrby't tsientallen fan syn mannen oan 'e ferkearde kant fan 'e rivier efterbleaune. Ien dêrfan wie Dorman, dy't him neffens de measte ferslaggen yn 'e striid danich warde en mei syn ûngeregelde jachtgewear ferskate krigers deaskeat.

Doe't syn hynder delsketten waard en Dorman te foet fierder moast, waard er lykwols al rillegau ynsletten, hoewol't er trochgie mei fan him ôf te biten oant syn munysje op wie. Neffens guon eachtsjûgeferslaggen waard er neitiid deamartele troch in groepke Lakota-froulju, dy't him fanwegen syn houlik mei in Yndiaanse as in ferrieder beskôgen. Hja soene him mei stiennene hammers slein en mei messen snien en stutsen hawwe, wylst se ek syn skonken folsketten hawwe soene mei hagel. In tipelsinnich detail dat dêrmei jûn wurdt, is dat se syn eigen treppot en kop folgetten hawwe soene mei syn bloed. Neffens in oar ferhaal soe Dorman simpelwei delsketten west hawwe en ferwûne op it slachfjild efterbleaun wêze. Doe't de Lakota-medisynman Sittende Bolle foarbyried, koe dy him wer. Dorman soe doe om drinken frege hawwe, en Sittende Bolle soe syn eigen kop fan polyste bizonhoarn foar 't ljocht helle hawwe om Dorman wetter te jaan ear't er stoar. Dit lêste ferhaal wurdt troch guon histoarisy as fantasij weiset op grûn fan Jeropeeske ridderlikheid, wylst oaren, dy't bekender binne mei de kultuer fan 'e Lakota, it as mooglik wier bestimpelje.

Dorman syn stoflik omskot waard nei ôfrin fan 'e slach oantroffen oan 'e westkant fan 'e rivier, krekt foarby it strewelleguod dat dêr by de igge lâns groeide. Hy waard provisoarysk begroeven op it slachfjild, en yn 1877 mei de measte oare Amerikaanske sneuvelen werbegroeven op it begraafplak fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild fan de Little Bighorn. Neitiid waard fêststeld dat it Amerikaanske Leger Dorman noch $62,50 skuldich wie. In Isaac McNutt, dy't hantsjemuoisfeint wie yn Fort Rice, besocht dat jild te ynjen troch te sizzen dat Dorman in útsteande skuld by him hie, mar dy bewearing waard troch it leger ôfwiisd fanwegen gebrek oan bewiis. Mei't Dorman syn Yndiaanske widdo net fûn wurde koe, waard it bedrach nea útkeard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Other sources, op dizze side.