Feroarings fan Stal
Feroarings fan Stal | ||
De Fryske oersetting, yn 2010 útjûn troch Utjouwerij Bornmeer. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Metamorphoses | |
auteur | Ovidius | |
taal | Latyn | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epos | |
skreaun | 8 (n.Kr.) | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Feroarings fan Stal | |
publikaasje | 2010, De Gordyk | |
útjouwer | Steven Sterk, Utjouwer | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 978-9 05 61 51 744 |
Feroarings fan Stal, yn it oarspronklike Latyn Metamorphoses ("Transformaasjes"), is in ferheljend gedicht yn fyftjin boeken fan 'e hân fan 'e Romeinske dichter Ovidius (43 f.Kr.-17/18 nei Kr.). It beskriuwt de skiednis fan 'e wrâld yn in los mytysk-histoarysk ramt, fan it oanbegjin ôf oant de fergoading fan Julius Caesar ta. Ovidius foltôge dit wurk yn it jier 8 (nei Kr.) en it wurdt beskôge as in masterwurk fan 'e literatuer út 'e Romeinske Gouden Iuw. Yn 'e Midsiuwen wie de Metamorphoses ien fan 'e meast lêzen klassike wurken en sadwaande oefenen se in grutte ynfloed út op 'e Westerske kultuer. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard yn 2010 útjûn troch Steven Sterk.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fersen fan 'e Metamorphoses binne skreaun yn daktylyske heksameters, deselde epyske dichtfoarm dy't Homêros ek brûkte foar syn Ilias en Odyssee. Yn lichte, flotte fersrigels klearret Ovidius him dêrby in wei troch de matearje fan syn ûnderwerp, gauris op in skynber willekeurige manear samar fan it iene nei it oare ferhaal ljeppend. Soms werfertelt er de grutte barrens út 'e Grykske mytology, mar oare kearen dwaalt er ôf yn nuveraardige rjochtings. De Metamorphoses binne sadwaande in bûnte rige teltsjes, dy't faak as sabeare-epyk betitele binne. Se hawwe gjin fêste held of sels mar haadpersoan, mar behannelje ferhaal nei ferhaal sûnder dat der in protte ûnderling ferbân bestiet.
It hieltyd op 'e nij opdûkende motyf is, lykas yn hast al Ovidius syn wurk, de leafde, sij it persoanlike leafde of leafde personifiëarre yn 'e foarm fan 'e Romeinske god Amor (deselde as de Grykske god Kupido). Ovidius lit Amor, dy't ornaris as in mindere god fan it Romeinske panteön beskôge waard, alle oare goaden foar gek sette; yn it bysûnder Apollo, de god fan 'e rede (it rasjonele), dy't troch de yrrasjonele leafde ferbjustere wurdt. Ovidius keart sa de hiele akseptearre oarder fan syn tiid om, dêrby minsken en minsklike gefoelens ferheegjend, wylst er de goaden en harren hiele wrâld omleech hellet en ta ûnderwerp fan humor makket.
Yn 'e epilooch (Boek 15, regels 871-879) slút Ovidius syn betooch ôf troch syn lêzers te fertellen dat alles yn beweging is en oan feroaring bleatsteld is, útsein transformaasjes, dy't der altiten al west hawwe en der ek altyd bliuwe sille.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e perioade 1925-1927 hat jhr. mr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga dielen fan 'e Metamorphoses yn Frysk proaza oerset en publisearre, wylst tusken de tritiger en fyftiger jierren dr. Willem Kok beskate passaazjes yn dichtfoarm fertaalde. Uteinlik wie it klassyk oersetter Klaas Bruinsma (ek ferantwurdlik foar de Fryske fertaling fan 'e Ilias en de Odyssee), dy't Ovidius syn masterwurk hielendal yn in Frysktalich metrum oersette ûnder de titel Feroarings fan Stal. Hoewol't it boek yn 2010 foar it earst útjûn waard troch útjouwer Steven Sterk, fan 'e Gordyk, mei stipe fan 'e Provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting, kin út 'e datearring fan Bruinsma syn ynlieding opmakke wurde dat er de fertaling yn alle gefallen yn 2007 al klear hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side. |