Kabouter
In kabouter is in lyts, humanoïde, mytysk wêzen út 'e folkloare fan Nederlân en Flaanderen. De beneaming is krekt as kobold ôflaat fan it Oergermaanske wurd *kuƀa-walda, "hûswarder", of *kuƀa-hulþa, "it hûs goedgeunstich sind wêzende". Sokke wêzens komme yn withoefolle mearkes en folksferhalen út 'e Lege Lannen foar. Yn oare dielen fan 'e wrâld ken men mytyske wêzens dy't soartgelikens mar net itselde binne, lykas de nisse en tomte út Skandinaavje, de kobold en it Heinzelmannchen út it Dútske taalgebiet, de brownie, hobgoblin en pixie of piskie fan 'e Britske Eilannen, de hiisi út Finlân en de domovoj út Ruslân. Kabouters wurde gauris betize mei gnomen, mar dat binne elemintêre ierdgeasten dy't bûn binne oan 'e ierde, wylst kabouters ierdgeasten binne dy't in bân hawwe mei hûs of bosk.
Kabouters wurde almeast omskreaun as wêzens dy't sterk op minsken lykje, mar folle lytser fan stal binne. Hoe grut oft se krekt binne, hinget ôf fan it oanbelangjende ferhaal, en kin útinoar rinne fan sa'n 15 oant 45 sm. Alle kabouters hawwe in blanke hûdskleur, en se wurde yn 'e regel foarsteld as mantsjes mei in lang griis burd, in frij grutte, reade noas, bolle reade wangen en bolle buken. Harren klean docht gauris wat Midsiuwsk oan, en hat faak felle kleuren, lykas read, blau, giel of grien. Se drage tradisjoneel in reade puntmûtse. Om 'e mul hawwe se in brede swarte rym mei in grutte gasp, en oan 'e fuotten tsjûke swarte learzens. Kabouterwyfkes wurde lang sa faak net ôfbylde, mar hawwe ornaris in lange rok oan en drage it hier yn ien of mear frissels.
Neffens de measte ferhalen kinne kabouters folle âlder wurde as minsken. Se hawwe gauris it fermogen om harren ûnsichtber te meitsjen of binne sa wetterfluch dat se altyd al in sideplak opsocht hawwe ear't minsken harren gewaarwurde kinne. Ek wurdt sein dat se folle sterker binne as reedlik is foar harren lytse stal, of dat se oer in foarm fan tsjoenderij beskikke. Yn guon ferhalen kieze kabouters derfoar om yn de neite fan minsken te ferkearen en faak ek om foar minsken putsjes op te knappen tsjin in lytse beleanning, bygelyks fan molke, bôle of bier. Se hâlde der lykwols net fan om begluorke te wurden, en yn guon ferhalen wurde minsken, dy't besykje om in kabouter te sjen te krijen, dêrfoar bestraft mei (soms tydlike) blinens. As se min behannele wurde, kinne kabouters lulk wurde en wraak nimme troch har dêrnei te hâlden en dragen as in kwelgeast.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|