Hiisi

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In hiisi (meartal: hiidet) is in mytysk wêzen út 'e folkloare fan Finlân, dat noris lykslein wurdt mei in soarte fan kabouter, dan wer mei in reus. Sokke wêzens binne neffens de folksferhalen benammen ferbûn mei bosken op 'e heuvels of yn 'e bergen, en ek mei beskate bisten dy't yn sokke biotopen libje. Tsjintwurdich geane folkloristen derfan út dat mei hiisi oarspronklik ferwiisd waard nei in hillich plak, krekt as it gefal is mei it nau besibbe wurd hiis, út it Estysk. Dêrby gie it nei alle gedachten oer it algemien om in plak dêr't immen begroeven lei. It tinken is dat nei de yntroduksje fan it kristendom yn Finlân, yn 'e tolfde en trettjinde iuw, de betsjutting fan hiisi ferskood is fan it (hillige) begraffenisplak nei dejinge dy't dêr begroeven lei, dy't men doe fanwegen de bân tusken dat begraffenisplak en it âlde heidendom as in boppenatuerlik wêzen begûn te sjen.

Ut hoe't it kristlike leauwe alles beskôge dat mei it âlde heidendom te krijen hie, komt nei alle gedachten ek fuort dat de hiidet as kwea-aardich sjoen waarden en wurde. Dy kwea-aardigens is trouwens sûnt de kerstening fan 'e Finnen yn harren folksferhalen almar fierder fergrutte. Tsjintwurdich kin in hiisi datoangeande suver wol lykslein wurde mei de duvel. De âldste folksferhalen oer hiidet fertelle lykwols ornaris allinne hoe't beskate plakken dêr't sokke wêzens tahâlde, faak opfallende geologyske rotsformaasjes, ûntstien binne troch de dieden fan 'e hiisi dy't op sa'n plak wennet. Letter gie dy bân mei de natoer fierhinne ferlern en feroaren hiidet yn 'e Finske folkloare yn in soarte fan kweageasten dy't yn 'e fierte wol oerienkomsten fertoane mei trollen. Se soene mei in soad leven yn optocht reizgje, en minsken oanfalle dy't wegeren om foar harren oan 'e kant te gean. As men de doar fan jins hûs iepenstean liet, koe in hiisi deryn gean om wat te stellen. Wa't hjitfolge waard troch in hiisi, moast sjen dat er op ûntgûn lân kaam, want hiidet hiene gjin macht yn gebieten dêr't in kristlike seine oer útsprutsen wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.