George Yates
George Yates | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | George Wilhelmus Mancius Yates | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 26 febrewaris 1843 | |
berteplak | Albany (New York) | |
stoarn | 25 juny 1876 | |
stjerplak | oan 'e Little Bighorn (Montana) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1876 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | luitenant-kolonel (1865) | |
befel | F Komp./Am. 7e Kav.reg. | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Ekspedysje nei de Black Hills Grutte Sû-Oarloch fan 1876 | |
treffen(s) | Earste Slach by Bull Run Slach by Sharpsburg Slach by Antietam Slach by Fredericksburg Slach by Gettysburg Slach oan de Little Bighorn |
George Yates (folút: George Wilhelmus Mancius Yates; Albany (New York), 26 febrewaris 1843 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy tsjinne yn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder syn goede freon luitenant-kolonel George Armstrong Custer en kaam mei dyselde om yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yates waard berne yn 'e Newyorkske steatshaadstêd Albany, as de soan fan Richard Yates en dy syn frou Margaret Mancius. Hy kaam yn Monroe yn 'e kunde mei George Armstrong Custer, en ûnderhold mei him in libbenslange freonskip. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) naam Yates op 20 juny 1861 yn Geneva, yn 'e steat New York as twadde luitenant tsjinst by it 4e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Michigan. Hy focht û.m. yn 'e Earste Slach by Bull Run en de slaggen by Sharpsburg, Antietam en Fredericksburg.
Op 26 septimber 1862 waard Yates befoardere ta earste luitenant. Custer holp him yn 'e simmer fan 1863 om in posysje yn 'e stêf fan kavalerygeneraal Alfred Pleasonton te bemachtigjen. Yn dy hoedanichheid wied er koarte tiid letter behelle yn 'e ferneamde Slach by Gettysburg, dy't de útkomst fan 'e oarloch bepaalde. Op 28 juny 1864 swaaide Yates ôf út 'e milysje fan Michigan, wêrnei't er op 24 augustus fan datselde jiers tsjinst naam as earste luitenant by it 45e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Missoury. Op 13 maart 1865 waard er ta majoar befoardere, en krekt foar de ein fan 'e oarloch krige er noch in fierdere befoardering ta luitenant-kolonel, as beleanning foar betoande moed op it slachfjild fan Gettysburg.
Tsjin nei de Boargeroarloch en priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard Yates fanwegen it oerskot oan ofsieren dat it gefolch wie fan it ôfslanken fan it Amerikaanske Leger yn fredestiid yn rang weromset nei twadde luitenant. As sadanich waard er op 26 maart 1866 tafoege oan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, dat legere wie yn Fort McPherson, yn Nebraska. Op 31 jannewaris 1867 skiede er yn St. Louis fan Lucretia Beaumont Irwin, mei wa't er twa jier earder, op 5 jannewaris 1865, troud wie.
Op 12 juny 1867 waard Yates mei de rang fan kaptein tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, yn Fort Riley, yn Kansas, dat ûnder befel stie fan syn âlde maat luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Yates waard oansteld as befelhawwer fan F Kompanjy, mei as ûnderbefelhawwer luitenant William Reily. Yn Fort Riley, en letter, fan 1873 ôf, yn Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's, makke Yates diel út fan 'e saneamde 'Custer-klyk', in groep famyljeleden en freonen fan George Armstrong Custer dy't yn it 7e Kavaleryrezjimint de tsjinst útmakken.
Op 12 febrewaris 1872 wertroude Yates yn New York mei Annie Gibson Roberts, de dochter fan Milnor Roberts, dy't haadyngenieur wie by de spoarweimaatskippij Northern Pacific Railroad. Mei har krige er trije bern, twa jonges en in famke. Yn 1874 naam Yates diel oan 'e kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, dêr't goud fûn waard op lân dat foar de Lakota hillich wie, wat oanlieding joech ta de Goudkoarts fan de Black Hills.
Dea yn 'e Slach oan de Little Bighorn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 sneuvele Yates yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana. Syn F Kompanjy wie dêrby ien fan 'e fiif kompanjyen dy't ûnder befel fan Custer omrieden om in grut Yndiaansk doarp dat oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn ûntdutsen wie, út it noarden wei oan te fallen. Dy wraam waard troch de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho lykwols ôfslein, en nei in weromtocht dy't útrûn op in gaoatyske flecht rekken de oerlibbenen fan 'e fiif kompanjyen besingele op in heuveltop dy't letter Custer Hill neamd waard, dêr't se oan 'e lêste man ta útrûge waarden. Guon histoarisy binne fan betinken dat Custer foar de oanfal syn detasjemint fan it 7e Kavaleryrezjimint (ien fan 'e fjouwer parten dêr't er it foar de slach yn ferdield hie) noch fierder opspjalte troch Yates it autonome befel te jaan oer de kompanjyen E en F.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yates syn lichem waard nei de slach oantroffen op Custer Hill, en provisoarysk op it slachfjild begroeven. Yn july 1877 waard syn stoflik omskot nei it easten ta ferfierd, dêr't it werbegroeven waard op it Nasjonaal Begraafplak Fort Leavenworth, yn Fort Leavenworth, yn Kansas. Yates syn sweager, in Richard Roberts, beselskippe de 7e Kavalery op 'e simmerkampanje fan 1876 as in hynstefersoarger en dieltiid-korrespondint foar de krante de New York Sun. Hy wie gauris oan Yates syn side te finen, mar moast 110 km foar de Little Bighorn ôfheakje om't syn hynder kreupel rekke, en dat rêde him it libben. Yates syn widdo Annie Gibson Roberts wie neitiid jierrenlang wurksum as dosinte oan 'e Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle, yn Carlisle (Pennsylvania). Hja kaam yn 1914 raar oan har ein doe't se ferplettere waard by in ûngelok mei de metro fan New York.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |