Springe nei ynhâld

Gizeling (misdriuw)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 okt 2020 om 18.05 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In training wêrby't de plysje oefenet yn it befrijen fan gizelders.

In gizeling is in misdriuw wêrby't in krimineel of in groep kriminelen ien of mear persoanen yllegaal finzen hâlde mei as doel om 'e stelde easken oan oare partijen ôf te twingen. It slachtoffer fan in gizeling hjit in gizelder, wylst de dieder in gizelnimmer is. As misdriuw giet gizeling faak mank mei bedriging mei geweld, en mei ûntfiering: it meinimmen fan 'e gizelder(s) fan it iene plak nei it oare. Ek komt gizeling faak foar yn it ramt fan terrorisme. Gizeling as misdriuw moat ûnderskaat wurde fan ferskate oare, legale soarten fan gizeling.

Motiven foar gizeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bedoeling fan 'e dieders fan gizelings is om oare partijen, lykas famyljeleden of de wurkjouwer fan 'e gizelder, mar faak ek de plysje of de oerheid, te twingen om oan 'e troch de dieders stelde easken te foldwaan. It faak ymplisite idee dêrefter, dat yn guon gefallen lykwols ek tige eksplisyt útsprutsen wurdt, is dat de gizelnimmer de gizelder(s) fysyk geweld oandwaan sil of soms sels fermoardzje sil as him syn sin net jûn wurdt. Oan it eigentlike gebrûk fan geweld giet yn sokke saken ornaris in ultimatum foarôf, dat op in beskate tiid ôfrint.

Men kin ferskate soarten gizelings ûnderskiede:

  • Psychologyske gizelings wurde útfierd troch gizelnimmers dy't geastlik betize binne of oars sa frustrearre of wanhopich dat se in gizeling as lêste rêdmiddel oangripe, ek al beseffe se dat soks eins net is sa't it heart.
  • Kriminele gizelings tsjinje as helpmiddel by it begean fan oare misdriuwen of by it ûntkommen nei it begean fan oare misdriuwen. Men kin dan tinke oan bankberôvings of oarsoartige dieverij. It kin bygelyks wêze dat it gesin fan in bankdirekteur yn gizeling nommen wurdt om dyselde te twingen en wurkje mei oan in berôving. Mar faker fine sokke gizelings plak as de plysje arrivearret ear't de dieders útnaaie kinne, wêrnei't se harren ûntsnapping besykje ôf te twingen troch ûnskuldige omstanners yn gizeling te nimmen.
  • By politike gizelings wurde minsken yn gizeling nommen om in polityk doel ôf te twingen. Sokke gizelings binne in foarm fan terrorisme.

Nettsjinsteande it motyf jildt gizeling as in tige riskante aksje: de gizelnimmer komt oer it algemien yn in útsichtleaze sitewaasje telâne, wylst er mei syn gizelders troch de plysje belegere wurdt. Wit er al te ûntkommen, dan wurdt alles op alles set om him dêrnei sa gau mooglik op te spoaren. Benammen as de gizelders mei de dea bedrige wurde, sil de plysje net tebekskrilje om 'e gizelnimmer sels te deadzjen, bygelyks troch de ynset fan slûpskutters. It is sels twifelich oft it doel fan 'e gizelnimmer ek mar yn 'e fierste fierte ôftwongen wurde kin, benammen as it om in polityk doel giet, want de measte oerheden wegerje om mei terroristen te ûnderhanneljen, út eangst dat soks liede sil ta mear gizelingsaksjes yn 'e takomst. Sels as de easken fan 'e gizelnimmer ynwillige wurde, is der neat dat de plysje of de oerheid behinderet om letter dochs noch de diene ûnthjitten wer yn te lûken.

Inkele foarbylden fan bekende gizelings binne yn Nederlân de treinkaping by Wijster yn 1975, dy't tolve dagen duorre, en de gizeling fan de Legere Skoalle yn Boppesmilde en de treinkaping by De Punt yn 1977, dy't tweintich dagen duorren. Alle trije waarden omreden fan politike doelen útfierd troch Molukske aktivisten. In foarbyld út it bûtenlân is it Bloedbad fan München, wêrby't leden fan 'e ekstremistyske Palestynske groep Swarte Septimber yn 1972 njoggen leden fan it Israelysk Olympysk team op 'e Olympyske Spullen yn München gizelen en fermoarden. Oare bekende foarbylden út it bûtenlân binne de Iraanske Gizelderskrisis, wêrby't Iraanske revolúsjonêren yn 1979-1980 444 dagen lang 52 Amerikaanske diplomaten finzen holden yn 'e Amerikaanske ambassade yn Teheran, en de gizeling yn it Dûbrovkateäter yn 'e Russyske haadstêd Moskou yn 2002 en de Gizelingskrisis fan Beslan yn 'e Russyske Kaukasus yn 2004, dy't beide útfierd waarden troch islamistyske terroristen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.