Bordeauxread
bordeauxread | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #800000 | |
RGBª (r, g, b) | (128, 0, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 100, 100, 50) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Bordeauxread of koartwei bordeaux is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan read. It kin omskreaun wurde as in dûnkere read-pearzige of read-brunige kleur. Bordeauxread is de komplemintêre kleur fan grienblau. De namme ferwiist nei de kleur fan bordeaux, in wynsoarte dy't yn 'e omkriten fan 'e Frânske stêd Bordeaux produsearre wurdt. Bordeauxread wurdt faak betize mei wynread, mar dat is eins in oare readtint.
Yn oare talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Ingelsk en in protte oare Westerske talen wurdt bordeauxread oantsjut maroon (Ingelsk), marron (Frânsk), marrone (Italjaansk), maroen (Afrikaansk), ensfh. Dy nammen komme fan it Frânske wurd marron, dat yn earste ynstânsje "kastanje" betsjut. De kleur ferwiist dan nei de dûnkerreade kleur fan kastanjes. Yn it Frysk en Nederlânsk is kastanje, ek bekend as kastanjebrún, lykwols in oare kleur.
Kleurtechnyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) kriget men bordeauxread troch de helderheid fan 'e primêre kleur read mei likernôch de helte ôf te swakjen. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is bordeauxread in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart tafoege yn it stee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.
Besibbe tinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]bordeauxread | #800000 | |
boergonje | #800020 | |
claretread | #7F1734 | |
dûnkerread | #8B0000 | |
kastanjebrún | #954535 | |
ljochtbordeaux | #C32148 | |
ryk bordeauxread | #B03060 | |
wynread | #722F37 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|