Kastanjebrún

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kastanje (kleur))
kastanjebrún
kleurkoördinaten
heksadesimaal #954535
RGBª (rgb) (149, 69, 53)
CMYKº (cmyk) (0, 54, 64, 42)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Kastanjebrún of koartwei kastanje is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde in readige kleur middelbrún. Kastanjebrún is ferneamd nei de frucht fan 'e kastanjebeam, dy't krekt sa'n readbrunige kleur hat. Sawol by additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) as by subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is kastanjebrún in tertiêre kleur. As kleuroantsjutting wurdt kastanjebrún teminsten al brûkt sûnt 1555, doe't de term yn it Ingelsk (as chestnut) foar it earst yn dy betsjutting optekene waard.

Kastanjes yn 'e húl.

Besibbe kleuren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ingelske oersetting fan 'e kleurnamme 'kastanjebrún' is chestnut (letterlik: "kastanje") of chestnut brown. Ek in oare, dûnkerder en readiger tint brún is yn it Ingelsk nei de kastanje neamd: maroon, dat komt fan it Frânske marron ("kastanje"). Yn it Frysk wurdt maroon bordeauxread neamd.

Yndysk read is in kleur dy't sterk op kastanjebrún liket, mar net itselde is. Dy kleur is neamd nei in pigmint op basis fan izerokside dat populêr is op it Yndyske subkontinint.

Crayola-kastanjebrún is in kleur waakskryt fan 'e toanoanjaande Amerikaanske fabrikant Crayola, dy't yn 1958 foar it earst op 'e merk brocht waard. Dy kleur hiet oarspronklik Indian red ("Yndysk read"). Om't it wurd Indian yn it Ingelsk in homonym is dat sawol "Yndysk", "Yndiaask" as "Yndiaansk" betsjut, bestie der by ûnderwizers soarch dat de skoalbern de namme opfetsje soene as in ferwizing nei de hûdskleur fan Yndianen (dy't ommers read wêze soe). Sadwaande waard dy kleur waakskryt yn 1999 omneamd ta chestnut.

kastanjebrún (chestnut) #954535                         
bordeauxread (maroon) #800000       
Yndysk read #CD5C5C       
Crayola-kastanjebrún #B94E48       
In bongo.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kastanjebrún komt yn 'e natoer gauris foar as hierkleur. Dat is bygelyks it gefal by hynders en by de bongo, in Afrikaanske antilope. Ek by de minske sprekt men by in beskate tint brún hier wol fan kastanjebrún. Fierders binne der ek ferskate soarten fûgels mei (hielendal of foar in part) kastanjekleurige fearren, lykas de kastanjerêchmies út Noard-Amearika.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.