Springe nei ynhâld

Hindrik Gosses de Jong

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 okt 2020 om 16.38 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Libben en wurk: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Hindrik Gosses de Jong (De Tynje, 15 augustus 1932 - Soest, 24 novimber 2011) wie ûnderwizer, wiskundelearaar en -didaktikus, saakkundige op it mêd fan it ûnderwiis en de fernijing dêrfan, publisist dêroer en skriuwer oer pleatslike skiednis, benammen oer De Tynje.

Hy is berne oan de Rôlbrêgedyk en is de âldste fan Gosse de Jong en Jeltsje Dam. Hindrik hat fan 1955 oant 1971 troud west mei Jinke, de twadde dochter fan Jentsje Akkerman fan De Ulesprong. Sy krigen fiif bern: Gosse Hendrik, Jente Jan, Peter Jitse, Hilde Geeske Jinke en Frouke Wytske. Sûnt 1980 oant syn dea wie er boaske oan Adeleid Janssen, in Achterhoekse boeredochter út Baak, besuden Sutfen.

Foar wa't der by kin hat De Jong op SchoolBank.nl wat skreaun oer alle skoallen dêr't er as learling of as learaar op sitten hat; ek oer de kristlike skoalle fan De Tynje. Dêr hat Hindrik net allinne oant 1944 ta learling west, mar as begjinnend skoalmaster is er yn 1951 wolris ynfallen foar master Algra en boppemaster Vlasma. Oant er yn militêre tsjinst moast, joech er in pear moannen lang, op it sportfjild, ek de gymnastyklessen oan harren klassen.

Hy swaaide ôf as reserve-offisier. Fan 1953 oant 1955 wie De Jong skoalmaster yn St. Jansklooster en op De Pein by Drachten. Yn de fiif jier dat er mulo-learaar wie yn Oud-Beijerland, helle hy alle wiskunde-akten en ferhûze doe mei de hûshâlding nei Saandam. Dêr wie er tsien jier learaar oan de kristlike HBS (mei û.o. Joop Volkers en keunstemakkers as Freek de Jonge en Jan van Kouwenhoven yn 'e klasse) en oan it Pascal College dat dêr yn 1968 mei de mammoetwet út foartkaam. Yntiids joech er les yn Alkmaar op de Learareoplieding foar it t.b.o. (technysk beropsûnderwiis) en kursussen yn Amsterdam foar mulo-leararen yn de nij ynfierde moderne wiskunde.

Yn 1970 waard Hindrik de Jong meiwurker fan it CPS (Kristlik Pedagogysk Stúdzjesintrum) en hie dêr oant 1989 ta in soad omhannen mei it ûntwerp en bestek, de advysearring, it organisearjen en it lieden fan ûnderwiisprojekten en de middenskoalestêf fan it CPS. Yn dy ferskate funksjes, ek as foarsitter fan de CLEP (Koördinaasjegroep Lânlik Ekspearimentear-Plan Middenskoalle) en as lid fan de ICM (Ynnovaasje Kommisje Middenskoalle) hie er geregeldwei kontakt mei foaroprinnende skoallen foar fuortset ûnderwiis yn binnen- en bûtenlân. Ek yn Fryslân, benammen mei dy fan Frjentsjer (Anna Maria van Schurman), Sint Anne (Ulbe van Houten), De Gordyk (Boargemaster Harmsma) en Drachten (Frijmakke Grifformearde skoalle).

Fan ien sa'n aparte skoalle, de Werkplaats Kindergemeenschap (WP) yn Bilthoven, ek faak de Kees Boeke-skoalle neamd, hat er 12½ jier begelieder, organisaasje-adviseur en bestjoerslid west. Like lang wie er lid fan de Bestjoersrie en it Kollege fan Bestjoer fan de SLO (Stifting foar de Learplanûntwikling yn Nederlân). Oare bestjoerfunksjes hie er bygelyks yn de KAZ (Tsjerkerie Algemiene Saken) van de Grifformearde tsjerke yn Saandam en as foarsitter fan de Skoallebegeliedingstsjinst Eemland.

Yn 1966 skreau De Jong in 'Gravamen' (kleiskrift) dat úteinlik troch de klassis Saandam oanbean waard oan de grifformearde synoade en dat fuort meiholp oan de rehabilitaasje fan dûmny's as dr J.J. Buskes en prof. dr E.L. Smelik, dy't troch de affêre Geelkerken yn 1926 út de grifformearde tsjerken rekke wienen. De lêste stjoerde him in betankje ta.

Meast ûnder de auteursnamme 'H.G. de Jong' hat er hiel wat artikels en bydragen oan boeken skreaun. De Jong publisearre kollums, artikels en kommintaren yn de ûnderwiis- en dei- of wykblêdparse, û.o. yn deiblêd Trouw. Bytiden wienen it werjeftes fan in ynlieding of tapraak. Op 26 maart 1981 waard yn de nagelnije Gordykster skoalle de ôfdieling Fryslân van de Middenskoalleferiening oprjochte. De Jong syn rede fan doe –heal yn it Frysk, heal yn it Hollânsk- waard fjouwer dagen letter printe yn 'De Pompeblêden'. It Frysk Deiblêd hie de oare deis al wat earmoede oer syn idee en jou de ‘finen’ ek in sechje yn in minder iepenbier optúgd skoalbestjoer. Fan de 'oare' kant gjin inkelde asem.

De titel fan it ferhaal wie ‘Ek al emansipearre?’ (De ûndertitel ‘Grutsk op jinsels en wiis mei in oar’ hie de redaksje fan De Pompeblêden weilitten). Yn it artikel stie in foto út ± 1910 fan Lolke Akkerman út de Warren, mei de hûshâlding. De kreaze mar beskieden turfmakkerswente op de eftergrûn, en lykwols Lolke en de soannen Jan en Jentsje alle trije mei in fioele op it portret. Emansipearre folk fan De Tynje, hûndert jier lyn al.

Oersjoch
  • Mammoet in de Zaanstreek (I en II), yn: Nederlandse Gedachten, wykblêd fan de ARP, 17 en 24 febrewaris 1968 (24e jrg. nrs 7 en 8)
  • Organisatie Leerplanontwikkeling. Commentaar op de Discussienota van de COLO. Dit kommentaar is ûnferoare oernomd troch de Ned. Prot. Kr. Skoalried en oanbean oan de minister (sjoch de brieven fan H.G. van den Doel), CPS novimber 1971
  • Korte beschrijving van het Integratieprojekt mavo-lbo te Franeker, betreft de skoallemienskip Anna Maria fan Schurman yn Frjentsjer), CPS 25 septimber 1972
  • Laat Doorgaan. Een diskussienota over geïntegreerd voortgezet onderwijs. Mei in wiidweidige literatuerlist. De haadstikken I, III, en V binne hast hielendal fan H.G. de Jong, krektas it 'Ten geleide' en it 'Woord vooraf'. Hy fersoarge ek de einredaksje en de produksje, Gearwurkjende Lanlike Pedagogyske Sintra (LPC=APS+CPS¬+KPC) novimber 1973
  • Mavontuur. Verslag van vijf jaar didactische begeleiding. Betreft neiskoalling yn de didaktyk fan de moderne wiskunde. As sekretaris fan de Sintrale Kommisje Begelieding Mavo Wiskunde (CCBMW), in gearwurkingsorgaan fan it saneamde Mavoferbân, de Underwiisynspeksje en de LPC, wie H.G. de Jong ferantwurdlik foar de einredaksje en produksje, CCBMW 1974
  • The Franeker Mavo-Lbo Integration Project, foar it grutste part in fertaling fan 'Korte beschrijving etc.' (sjoch boppe) foar ynternasjonale kontakten, fral foar mei-fellows yn de International Movement of Training on Educat¬ional Change (IMTEC, in ûnderdiel fan CERI/OECD û.l.f. de Noar Per Dalin), maaie 1974
  • S4: Support to Schools, being Social Systems, ferslach fan in presintaasje oer systeembegelieding yn in Ingelsktalige konferinsje mei Per Dalin, IMTEC/OECD, oktober 1975
  • Elk middenschool-experiment is een langlopende geloof-, hoop- en liefde-show, yn: Inkom voor School & Bestuur, maaie 1978
  • Zweedse impressies, ko-auteur Jan Herman Meesters. Yn: Onderwijs en Opvoeding, APS maart 1980
  • Leraar op een middenschool: een vak met toekomst, rede by de iepening fan it stúdzjejier 1980-1981 fan de Nije Learare Oplieding 'Ubbo Emmius', moarns yn Grins en middeis (ds Zelle allyk) yn Ljouwert. Yn: Nieuw zicht, blêd fan de avo-seksje ABOP, 17 oktober 1980. Ek yn: Medelingen, blêd fan de Feriening Dosinten Learareopleidings, oktober 1980
  • Ek al emansipearre?, taspraak - foar in part yn it Frysk - op 26 maart 1981 yn de Boargemaster Harmsmaskoalle op De Gordyk by de oprjochting fan de ôfdieling Fryslân fan de Middenskoalleferiening. Yn de ûndertitel wie emansipaasje typearre mei: Grutsk op jinsels en wiis mei in oar. Yn: De Pompeblêden, 30 maaie 1981
  • Het moet nu maar eens uit zijn met het gescheiden onderwijs, Yn: Hervormd Nederland, 9 jannewaris 1982
  • Samenleven moet je op school al leren, Iepeningshaadstik yn de bondel 'Middenschool in zicht' (red. Ron Bezemer en Henk van der Molen), juny 1982
  • Zonder transplantatie geen systeemdoorbraak, Yn: 'Spiegel op de toekomst', ôfskiedsbondel fan de Ynnovaasje Kommisje Middenskoalle, as 'lêste advys' oanbean oan de minister (H.G. de Jong fersoarge ek de einredaksje en produksje), 17 juny 1982
  • De nieuwe school voor het leven en samenleven, Yn: In kom voor School & Bestuur, septimber 1982
  • Om het behoud van het onaanzienlijke, taspraak foar fertsjintwurdigers fan Pleatslike en Regionale Underwiisbegeliedingstsjinsten yn Nederlân, op in ynformaasjedei fan de LPC-foarljochtingsgroep IPE-M oer Fuortset Basisûnderwiis, Hoevelaken 15 maart 1983
  • Onderwijs en bedrijfsleven zijn op elkaar aangewezen, Ynterview - tegearre mei Henk van der Molen - mei âld-ûnderwiisminister en VNO-foarsitter mr Chris van Veen, n.b. inkele oeren neidat de wurkjouwers en it kabinet-Lubbers it saneamde Akkoard fan Wassenaar sluten hienen. Yn: CPS-blêd juny 1984
  • Kees en Betty Boeke leefden zelf voor dat iedereen evenveel waard is in het samenspel, Yn: Inkom voor School & Bestuur, oktober 1984
  • Kees Boeke voor vernieuwers een blijvend voorbeeld en Lesgeven op school van Kees Boeke was wijze van leven, ko-auteur Clan Visser 't Hooft. Beide artikels by gelegenheid fan 'Kees en Betty 100', yn: CPS-blêd, resp. oktober en desimber 1984
  • Arbeid: Armoede of Adeldom?, yn: CPS-blêd desimber 1984
  • Onderwijs dat recht en billijk is - wie komt daarvoor op?, û.o. oer de Hearrenfeanster kr. mulo 'fan' H.H. Broekstra, yn: CPS-blêd oktober 1985
  • Onderwijs en Maatschappij. Een wisselend spel van krachten, haadstik II yn: 'CPS 1946-1986. Christelijk onderwijs: een Perspectief' (jubileumbondel nei 40 jier Kristlik Pedagogysk Stúdzjesintrum). Auteur §2: J. Verkerk; ko-aureur §4: J. van der Horst. It haadstik begjint mei in weromtinken oan it bertedoarp De Tynje en de School met den Bijbel dêre, Hoevelaken 21 novimber 1986
  • Ode aan de kunstenaars van 1944-1948, bydrage oan it reünyboekje fan de kr. mulo/mavo op It Hearrenfean, maaie 1987
  • Kwaliteit van school schuilt in haar vormingskracht, û.o. oer de bekwame leararen op de mulo en de ambachtsskoalle, yn: CPS-blêd augustus 1987. Ek yn: Modem (fan de Learareoplieding VU, Amsterdam), jannewaris 1989
  • Yes, we have no bananas!, passende yllustraasjes by in ûnfolsleine en skeinde tekst oer de earste ûnderwiiskonferinsje mei Russen yn Nederlân, n.b. de deis nij it fallen fan de muorre tusken East- en West-Dútslân, yn: Modem (Learareoplieding VU), maart 1990. Korrekt werprinte yn: Modem juny 1990
  • Progressieve scholen in bedrijf, yn: Van Twaalf tot Zestien nr 14 pp 8-12, simmer 1990
  • Klarinetten, wat binne dat, pake?, oantinken oan de moaie jierren 1947-'52 by it harmonykorps fan De Tynje. Yn: 'Jubileumuitgave 1905-1995' fan kr. muzykferiening De Bazuin, novimber 1995
  • Doe't Drachtsters noch gewoan dienen, biografysk relaas (meast yn it Frysk) mei spegele groepsfoto. Yn: 'Lotgevallen klas 2 Koningin Julana Kweekschool', reunyboekje, Drachten 5 septimber 1998
  • Wie it net in soadsje, ju?, jeugderinneringen, benammen oan de oarlochsjierren op De Tynje, july 2003
Wikipedy

Op Wikipedy hie Hindrik it alias Fyntyn. Dat betsjut: fyn en fan de tynje. De bydragen hawwe hast allegearre mei De Tynje te krijen, benammen mei (de iuwenâlde skiednis fan) de nammen fan it doarp sels en dy fan guon wegen en wetters yn de omkriten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: