Springe nei ynhâld

Baak (Bronckhorst)

Ut Wikipedy
Lizzing Baak yn de gemeente Bronckhorst

Baak (Nedersaksysk: Boak) is in doarp yn de Gelderske Achterhoek, gemeente Bronckhorst, tusken Steenderen, Vorden en Wichmond, op in lytse tsien km fan Sutfen, mei yn 2007 hast 1200 ynwenners.

Baak is ± 1190 ûntstien as buorskip, mar is letter om de (foar it oantal ynwenners mânske) katolike tsjerke útgroeid ta doarp. Dizze tsjerke, de St. Martinustsjerke fan arsjitekt Alfred Tepe út 1890, stiet yn de top 10 fan heechste tsjerken fan Nederlân.

Binnen de doarpsgrinzen, oan de wei nei Wichmond, leit Hûs Baak, ien fan de soad kastielen dy't dit diel fan de Achterhoek ryk is. It kastiel hat sûnt 1982 yn hannen west fan de roomske Focolarebeweging. Yn 2007 waard it ferkocht oan de kristlike organisaasje Ellel Ministries, nei 25 jier in Mariapoli west te hawwen. It hûs is ek fan de iepenbiere wei ôf goed te sjen; boppedat rint der in wannelpaad om it kastielpark.

It is net mei wissichheid te sizzen wêr't de namme Baak wei komt. Der binne in tal mooglikheden:

  • fan it Germaanske wurd 'baka', dat heuvelrêch betsjut.
  • fan it Germaanske wurd 'baki', dat beek betsjut (fergelykje it Fryske 'beets', it Dútske 'bach' en it Deenske 'bæk'.

Hjirfan is de earste opsje minder oannimlik omdat Baak gjin diel útmakket fan in heuvelrêch. De twadde opsje soe wat dat betreft logysker wêze, omt Baak oan de Baakse beek leit. Yn de namme fan Baak is ek it Middelnederlânske wurd 'beke' te herkennen, dat ek 'beek' betsjut. Wy fine hjirfan yn de Achterhoek meardere ferbasteringen werom (lykas Bekveld, Beezebekke, Meerbekke, Overbekkink).

In âlde leginde fertelt in oare oarsprong fan de doarpsnamme. Sa wurdt ferteld dat der yn Baak oait in keal yn de tsjerketoer bedarre is dat út it raam kaam te hingjen en 'boaaak, boaaak' begûn te bâlten. It is lykwols dúdlik dat soks net mear as in lettere folksfertelling is, omt it etymologysk folslein ûnlogysk as dat it doarp hjir syn namme troch krigen hawwe soe.

De skiednis fan Baak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
St. Martinustsjerke yn Baak

Troch de fynst fan in oantal urnen út de 10e iuw wit men dat der destiids al in mienskip yn Baak wenne. It jonge doarp sil ûntstien wêze omt men elkoar nedich hie om it lân te ferbouwen en wjerstân te bieden oan syktes.

Yn de 11e iuw kaam it hofstelsel yn Baak en krige it twa hôven, nammentlik ien fan de Greve fan Gelre (hof te Baak) en ien fan de biskop fan Utert (hof Tamming).

Yn de 12e iuw groeide de befolking hurd, en dus waard der in soad woaste grûn ûntgûn, letter besefte men dat men sunich wêze moast op de woaste grûnen en rjochte men yn 1400 de Marke fan Baak op.

Yn de 13e iuw hie Baak neffens de dokuminten syn earste kapel krigen, dy't ta eare fan de Hillige Nikolaas boud wie troch de Hear fan Baak, mar dochs moast men op snein noch nei Steenderen ta foar de Hillige Mis.

Ek Baak ûntkaam net oan de ûnlusten fan de 14e iuw. De Hear fan Baak moast earst mei frijwat in oantal boeren meifjochtsje yn de Limburchske suksesje-oarloch. Tichter by hûs wie der ek noch de striid tusken de Heekerens en de Bronkhorsten. Omdat Baak net fier fan Bronkhorst lei, hie it doarp ek te lijen ûnder dizze striid. Der hawwe plonderingen west en de kapel waard ferwoaste. Yn 1362 is der in nije kapel boud, mei in toer mei opfallend dikke muorren (1,15 m) en in lytse yngong. Dit sil dien wêze omdat de toer dan as skûlplak brûkt wurde koe yn tiden fan striid. Tsjintwurdich stiet allinnich de toer noch oerein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: