Rôlbrêge (dyk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rôlbrêge(dyk))

De Rôlbrêge oer de Nije Feart wie 130 jier lang in draaibrêge yn de heawei tusken De Tynje en Beets, dat no Nij Beets hjit. De wei fan De Tynje ôf dêrhinne krige njonkelytsen de namme Rôlbrêgedyk. Dy komt hjoed-de-dei oars út by in aparte nijmoaderige flapbrêge.

1852-1936-1983[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1852 ta wie der eins gjin streekrjochte ferbining tusken De Tynje (doe noch in part fan Terwispel) en Nij Beets oan de oare kant fan de Boarn, likemin as mei Aldeboarn. Dat feroare doe't yn dat jier de Nije Feart klear kaam. Dy begûn op De Gerdyk, spjalte Terwispel mei de Alddyk en al yn twaen, rûn mei yn bôge suver by de Boarn del, om it gebiet fan De Tynje hinne nei de Ulesprong ta en fierder as Heafeart op Haskerdiken en de Hearrenfeart oan.

Oan de Boarnster kant, yn de Warren koe in set it earst noch wol dwaan (sjoch de Grote Historische Provincie Atlas schaal 1 : 25.000, Friesland 1853-1856. Wolters-Noordhoff 1992). Mar om foar de boeren fan Lúkswâld en De Tynje de mieddens tusken de Boarn en de Nije Feart berikber te hâlden, kaam der in draai- of rôlbrêge oer de nijdolde feart. Dêrtroch waard it ek mooglik de heawei troch te lûken nei de Krûme en de Rjochte Swynswei fan Beets. De rin fan de Boarn waard dêrom op dat stee in eintsje omlein.

De earste rôlbrêge is yn 1936 ferfongen troch in oare, twaddehâns rôlbrêge dy't op De Gerdyk oer rekke. Yn 1983 is der in nagelnije, mânske en o sa blauwe flapbrêge foar yn it plak kaam. It ôftanke eksimpel belâne tichtby oer de barm, as tagong nei it hiem fan Polderdyk nûmer 1.

Yn it lêste hûs fan de Rôlbrêgedyk, op nûmmer 59 hâldt skriuwer Bouke Oldenhof ta, dy't de âlde skipperskroech omset hat yn in toanielherberch. Syn tige ferneamde stik 'Rolbrug' is wyt-hoe-faak op de planken set, sels yn de Hollânske kontreien. In oar stik fan him hjit 'Hanebuert'. Dat is de namme fan de sydwei en ek fan it buorskipke dêre, tichtby de Rôlbrêge.

De Rôlbrêgedyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat hjoed-de-dei Rolbrêgedyk hjit, bestie eartiids út twa parten. Fan de Tynjester Breewei ôf rekkene, lei earst it hegere en drûgere ein. Al iuwenlang wie dat de Riperwâldwei of Riperwâldster heawei. Fierderop, op de mieddens fan de Mouwe en de Mouwehimmen ta, feroare de namme yn Mouwehimster of Moehimster heawei. (Dêr lei lang lyn sels in lytse tichtset yn, sa wiet koe it dêr wêze.) Oant 1940 ta waard in inkelde kear ek de earste ein fan de Rôlbrêgedyk wolris Moehimsterwei neamd.

Rûchwei sein bleau de Rolbrêgedyk út twa parten bestean. Om de Rôlbrêge wie sûnt 1852 in buorskip ûntstien mei dyselde namme. Dêr hearden ek de Hanebuert, de Polderdyk en de (Beetster wurden) Legewei ta. Dy 'Rôlbrêge' krige in eigen Pleatslik Belang (lykas de Ulesprong en de Warren).

By de T-krusing fan de beide âld-wâldwegen, de Rolbrêgedyk en it Skoalpaad, sette de gemeentlike wenningboustifting ± 1920 tsien hierhûzen del: twa pear inkelde en dêrtuskenyn trije dûbelde. Tegearre mei de pleatsen en wenten dy't dêr al stienen, en mei noch in pear nije hûzen derby waard dat buertsje in soarte fan uterbuorren: by 'De Tynje' mar der krekt bûten (Wa't nei de buorren gie foar in boadskip, sei: ik moat even nei De Tynje ta). It wie wol in aparte lytse mienskip, dêr by en om de gemeentehûzen by it Skoalpaad, mar mei deselde belangen as dy fan 'De Tynje'.

It is opmerklik sa'n soad betsjuttings tynje, Tynje en De Tynje yn 'e rin fan de iuwen hân hawwe. Johan Winkler, de man fan de Friesche Naamlijst (1898) soe it faaks sjoen hawwe as gefolch fan 'volkstaal en onverstand'. Sa kin der oer tocht wurde, mar nei alle wierskyn leit mear yn de reden, sa as it beskreaun is yn It ûntstean fan de namme 'De Tynje'.

Oan de easterein fan it skoalpaad, noch krekt oan de Tynjester kant fan it Moedjip wenne ±1940-'50 Wiibe Rinkje (van der Vliet), in jonge widdofrou mei in grutte hûshâlding. As dêr winterdeis ien siik wie, koe dokter Duurtsema noch al mei de motor oer de Rôlbrêgedyk, mar dan liende er dêr in fyts om troch de snie by de pasjint te kommen. As de sniedunen te heech wienen gie er rinnendewei op en del. De auto fan syn opfolger, dokter Walvis kaam der faak like min trochhinne. In selde aksje jilde twa oare hûshâldings fan it buorskip dy't efterút wennen, healwei it Moedjip.