John Dos Passos
John Dos Passos | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Roderigo Dos Passos | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 jannewaris 1896 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
stoarn | 28 septimber 1970 | |
stjerplak | Baltimore (Marylân) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Madearysk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk, Frânsk | |
sjenre | lit. romans, essay's, toaniel, poëzij | |
perioade | midden 20e iuw | |
streaming | modernisme | |
bekendste wurk(en) |
The 42nd Parallel 1919 The Big Money | |
jierren aktyf | 1920 – 1970 | |
offisjele webside | ||
www.johndospassos.com |
John Dos Passos (folút: John Roderigo Dos Passos; Chicago, 14 jannewaris 1896 – Baltimore, 28 septimber 1970) wie in radikaal en frijsinnich Amerikaansk dichter, skriuwer, keunstskilder en sjoernalist fan Maderaansk-Amerikaansk komôf. Hy is it bekendst wurden troch syn U.S.A.-trilogy, besteande út 'e romans The 42nd Parallel, 1919 en The Big Money, dy't yn 1998 it 23ste plak helle op in list fan 'e hûndert bêste Ingelsktalige boeken út 'e tweintichste iuw (gearstald troch de útjouwerij Modern Library). Hoewol't Dos Passos yn 't earstoan sympatisearre mei it kommunisme, feroare er letter fan miening, en yn 'e sechstiger jierren fierde er aktyf kampanje foar de doetiidske Republikeinske presidintskandidaat Richard Nixon.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dos Passos waard berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, as de oerwûne soan fan John Randolph Dos Passos (1844-1917), in abbekaat waans heit ôfkomstich wie fan Madeara, en Lucy Addison Sprigg Madison, út Petersburg yn Firginia. Hoewol't Dos Passos syn heit mei syn mem troude nei't syn earste frou yn 1910 ferstoarn wie, wegere er doe noch twa jier lang om Dos Passos as syn soan te erkennen. John Randolph dos Passos wie in spesjalist op it mêd fan 'e trusts, en in fûleindich oanhinger fan 'e machtige yndustriële konglomeraten. De manear yn acht nommen wêrop't syn heit him behannele, hoecht it jin gjin nij te dwaan dat Dos Passos letter persiis de oare kant útgie, in oanhinger fan it kommunisme waard en de grutte yndustriële ûndernimmings yn syn wurk fûleindich bestried.
Nei't er de middelbere skoalle, yn Wallingford, yn Konnetikut, ôfrûne hie, reizge Dos Passos yn 1907 mei in priveelearaar seis moanne lang yn Frankryk, Ingelân, Itaalje, Grikelân en it Heine Easten om, wêrby't er him ferdjippe yn 'e masters fan 'e klassike keunst, arsjitektuer en literatuer. Fan 1912 oant 1916 studearre er oan 'e Universiteit fan Harvard, yn Massachusetts, wêrnei't er nei Spanje gie om keunst en arsjitektuer te studearjen. It oare jiers sleat er him lykwols mei syn freonen en lettere kollega-skriuwers E.E. Cummings en Robert Hillyer oan by it Amerikaanske Frijwillige Motorambulânsekorps. As lid dêrfan tsjinne er ûnder de Earste Wrâldoarloch as ambulânsesjauffeur yn Parys en noardlik Itaalje. Letter gied er oer nei it Medyske Korps fan it Amerikaanske Leger. Oan 'e ein fan 'e oarloch wied er wer stasjonearre yn Parys, dêr't de Oerseeske Underwiiskommisje fan it Amerikaanske Leger him doe tastie en studearje antropology oan 'e Sorbonne.
Iere karriêre en flirtaazje mei it kommunisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin 'e ein fan 'e simmer fan 1918 hie Dos Passos de kladferzje fan syn earste roman, One Man's Initiation: 1917, ree krigen, en yn 1920 waard dy útjûn. Syn twadde boek, de anty-oarlochsroman Three Soldiers, krige er frijwat erkenning mei, en syn fyfde, Manhattan Transfer, oer it libben yn 'e stêd New York, waard ek finansjeel in súkses. Syn masterwurk wie lykwols de U.S.A.-trilogy, dêr't er mei úteinsette yn 1930 mei The 42nd Parallel, folge troch 1919, yn 1932, en The Big Money, yn 1936. Yn dizze trilogy skildere Dos Passos in swiid lânskip oangeande de Amerikaanske kultuer yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw, dat in tige pessimistysk byld jout oer de sosjaal-politike en ekonomyske koerts fan 'e Feriene Steaten.
Dos Passos begûn stadichoan syn heitelân te sjen as in spjaltene maatskippij, mei in kleau tusken earm en ryk. Dat ferklearre ek syn sympaty foar it kommunisme. Yn 1928 brocht er ferskate moannen yn 'e Sovjet-Uny troch om 'e sosjalistyske maatskippij te bestudearjen. Yn 1935 wied er ien fan 'e inisjatyfnimmers ta it First American Writers' Congress, dat fuortkaam út 'e nei it kommunisme oerhingjende League of American Writers. Lang om let, lykwols, skrille er tebek foar it idee dat Stalin útmeitsje soe wêr't Amerikaanske auteurs oer skriuwe mochten. Yn 'e twadde helte fan 'e tritiger jierren rekke er belutsen by it American Committee for de Defense of Leon Trotsky, dat opkaam foar de rjochten fan Stalin syn ferballe en letter fermoarde tsjinstanner Leon Trotski. Under de Spaanske Boargeroarloch, yn 1937, kearde er mei syn freon Ernest Hemingway werom nei Spanje, mar syn ideeën oer it kommunisme, of alteast oer de kommunistyske praktyk yn 'e Sovjet-Uny, wiene doe al sasear feroare, dat er mei Hemingway en oaren briek fanwegen harren berettens om har nammen te ferbinen oan kommunistyske propaganda dy't de Sovjet-belutsenens by twifelige saken fertsjustermoanje moast, de moard op Dos Passos syn freon en oersetter nei it Spaansk José Robles ynbegrepen. Letter skreau er: "It probleem mei in almachtige geheime plysje yn 'e hannen fan fanatisy, of fan lykfolwa, is dat as men der ienris mei begjint, it net mear te stopjen is oant it de hiele politike organisaasje korrumpearre hat. Ik bin bang dat dat is wat der no yn Ruslân bart." Om't krekt yn 'e tiid dat hy him fan it kommunisme distansjearre, de oanhing dêrfan yn Jeropa út reäksje op 'e opkomst fan it faksisme oanwoeks, naam de ferkeap fan Dos Passos syn boeken yn dy snuorje ôf.
Privee-libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dos Passos troude yn 1929 mei Katherine Smith, dy't yn 1947 omkaam by in auto-ûngemak. Dos Passos sels ferlear by datselde ûngemak it ljocht yn ien each. Syn earste houlik wie sûnder bern bleaun. Yn 1949 wertroude er mei Elizabeth Hamlyn Holdridge (1909-1998), dy't him 28 jier oerlibje soe, en mei wa't er ien dochter hie, Lucy Hamlin Dos Passos, berne yn 1950.
Lettere karriêre en de oerstap nei polityk konservatisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de Twadde Wrâldoarloch wurke Dos Passos fan 1942 oant 1945 as sjoernalist en oarlochskorrespondint. Nei de oarloch skoden syn politike tinkbylden, dy't altyd it fûnemint fan syn wurk foarme hiene, fierder op nei rjochts. Sa hied er in, sij it kwalifisearre en tydlike, wurdearring foar de Amerikaanske politikus Joseph McCarthy, dy't om 1950 hinne yn 'e Feriene Steaten in wiere heksejacht op kommunisten op gong brocht. Yn 'e sechstiger jierren fierde Dos Passos aktyf kampanje foar de Republikeinske presidintskandidaten Barry Goldwater en Richard Nixon.
Dos Passos krige pas let erkenning foar syn bydrage oan 'e wrâldliteratuer: yn 1967 waard er útnûge yn Rome, dêr't er de prestizjeuze Antonio Feltrinelli-priis útrikt krige. Lykwols hâlde Dos Passos syn oanhingers út dat syn lettere wurk negearre is fanwegen syn feroarjende politike ideeën, dêr't oaren dan wer tsjinyn lizze dat er letter nea wer it nivo fan 'e U.S.A.-trilogy helle hat. Hoe dan ek, Dos Passos syn oeuvre beslacht 42 romans en dêrnjonken withoefolle gedichten, essays en toanielstikken, en mear as fjouwerhûndert keunstwurken. John Dos Passos stoar op 28 septimber 1970 te Baltimore, yn Maryland, yn 'e âlderdom fan 74 jier.
Wurk (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- One Man's Initiation: 1917 (1920)
- Three Soldiers (1920)
- A Pushcart at the Curb (1922)
- Rosinante to the Road Again (1922)
- Streets of Night (1923)
- Manhattan Transfer (1925)
- Facing the Chair (1927)
- Orient Express (1927)
- U.S.A.-trilogy (1938)
- The 42nd Parallel (1930)
- 1919 (1932)
- The Big Money (1936)
- Tour of Duty (1946)
- The Ground we Stand On (1949)
- District of Columbia-trilogy (1952)
- Adventures of a Young Man (1939)
- Number One (1943)
- The Grand Design (1949)
- Chosen Country (1951)
- Most Likely to Succeed (1954)
- The Head and Heart of Thomas Jefferson (1954)
- The Men Who Made the Nation (1957)
- The Great Days (1958)
- Prospects of a Golden Age (1959)
- Midcentury] (1961)
- Mr. Wilson's War (1962)
- Brazil on the Move (1963)
- The Best Times: An Informal Memoir (1966)
- The Shackles of Power (1966)
- World in a Glass - A View of Our Century From the Novels of John Dos Passos (1966)
- The Portugal Story (1969)
- Century's Ebb: The Thirteenth Chronicle (1970)
- Easter Island: Island of Enigmas (1970)
- Lettres à Germaine Lucas Championnière (Frânsktalich; 2007)
Fryske oersettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat Fryske oersettings fan it wurk fan John Dos Passos oanbelanget, hat Haring Tjittes Piebenga yn 1964 syn gedicht Three Prologues and an Epilogue, út 1961, fertaald (ûnder de titel Trije Prologen en in Epilooch), en publisearre yn it tydskrift De Tsjerne (1964, ôfl. 7-8).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further Reading, op dizze side. |
- Amerikaansk romanskriuwer
- Amerikaansk essayist
- Amerikaansk toanielskriuwer
- Amerikaansk dichter
- Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne
- Amerikaansk sjoernalist
- Persoan yn de Spaanske Boargeroarloch
- Amerikaansk keunstskilder
- Amerikaansk kommunist
- Amerikaansk persoan fan Madearysk komôf
- Persoan berne yn 1896
- Persoan stoarn yn 1970