Springe nei ynhâld

Drintske Haadfeart

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 okt 2020 om 16.06 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Hydrology en gebrûk: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Rin fan de Drintske Haadfeart
Drintske Haadfeart mei Uffelterbrêge
Drintske Haadfeart mei Noargerbrêge

De Drintske Haadfeart (Drentsche Hoofdvaart; soms: Drentse Hoofdvaart) is it ferbiningskanaal fan it Meppelerdjip en de Reest yn Meppel nei it Noard-Willemskanaal by Assen, yn de provinsje Drinte. Oer goed de helte fan de lingte fan it kanaal leit oan wjerskanten it lintdoarp Smilde.

It kanaal is tusken 1767 en 1780 oanlein as ferbettering fan de Smilderfeart.

Hydrology en gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wite Wyk (de ferbining, fia de Opsterlânske Kompanjonsfeart, nei Appelskea), it Oranjekanaal, de Beilerfeart en de Noargerfeart mûnje yn it kanaal út.

De feart is fan grut belang foar de ôfwettering fan it heechlizzende middenpart fan de provinsje Drinte.

It kanaal waard yn de 19e iuw brûkt foar it ferfier fan turf, passazjiers, ierdappels, sûkerbiten, moal en alles wat de befolking fierders nedich hie. Dat gie troch oant fier yn de 20e iuw. De lêste 20 oant 30 jier is it gebrûkt ferskood nei de plesierfeart.

It kanaal hat seis sluzen (fan noard nei súd):

De Halfwegenslûs, de Wittelterslûs en de Boskampsslûs binne kaam te ferfallen.