Springe nei ynhâld

Fryslân Sjongt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 okt 2020 om 08.06 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fryslân Sjongt
algemiene gegevens
taal Frysk
foarm lietebondel
sjenre folksmuzyk
1e publikaasje 1943, Ljouwert
oarspr. útjwr. Fryske Akademy
kodearring
ISBN 9 06 27 33 611 (útj. 2000)

Fryslân Sjongt is in algemien lieteboekje mei âlde en nije Frysktalige folksferskes, dat yn 1943 foar it earst ferskynde as in útjefte fan 'e Fryske Akademy te Ljouwert. De gearstalling fan it bondeltsje kaam oarspronklik ta stân op inisjatyf fan 'e Federaasje fan Fryske Studinteferienings, dy't besleat om ynstee fan in nij lieteboekje foar studinten út te jaan, te stribjen nei de publikaasje fan in lietebondel op breder grûnslach. Neffens it foaropwurd fan 'e earste printinge wie it de bedoeling om fan it âlde it goede te behâlden en fan it nije it geunstige op te nimmen.

Om't Fryslân Sjongt in protte yn it leger ûnderwiis en letter it basisûnderwiis yn Fryslân brûkt waard om 'e skoalbern Fryske ferskes by te bringen, ûntjoech it bondeltsje him meitiid ta in wier ynstitút. Nei de fyfde printinge, dy't yn 1956 ferskynde, is de gearstalling fan it boekje troch it Musikologysk Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy sterk feroare en modernisearre. By eltse nije printinge waard Fryslân Sjongt dêrnei oan 'e easken fan 'e tiid oanpast, wêrby't guon âlde ferskes út 'e bondel ferdwûnen (faak ta lulkens of teloarstelling fan 'e âldere generaasjes), wylst nije ferskes tafoege waarden.

Yn 2000 publisearre de Afûk de alfde printinge fan Fryslân Sjongt. Dêryn steane 149 ferskes, dy't yn 'e ynhâldsopjefte opdield binne yn tsien rubriken:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: