James Madison DeWolf
James Madison DeWolf | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | James Madison DeWolf | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 14 jannewaris 1843 | |
berteplak | Mehoopany (Pennsylvania) | |
stoarn | 25 juny 1876 | |
stjerplak | oan 'e Little Bighorn (Montana) | |
etnisiteit | Nederlânsk Sweedsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1862, 1864 – 1865, 1868 – 1869, 1871 – 1873, 1875 – 1876 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | luitenant (sûnt 1875) | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Grutte Sû-Oarloch fan 1876 | |
treffen(s) | Earste Slach by Bull Run Slach oan de Little Bighorn |
James Madison DeWolf (Mehoopany (Pennsylvania), 14 jannewaris 1843 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk militêr en legerdokter fan mingd Nederlânsk-Sweedsk etnysk komôf, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy tsjinne yn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint en sneuvele yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]DeWolf waard yn 1843 berne yn it doarp Mehoopany, op it plattelân fan Wyoming County, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Hy wie de soan fan Mark A. DeWolf (1813-1865), in boer, en dy syn frou Achsa Clapp Fisk (1817-1907). Hy hie in âldere broer, Edwin A. DeWolf, mei wa't er trije jier skeelde. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) naam DeWolf op 1 augustus 1861 mei santjin jier as sljochtwei soldaat tsjinst yn it Noardlike Leger by it 1e Artilleryrezjimint fan Pennsylvania. Hy focht mei yn 'e Earste Slach by Bull Run en waard op 29 oktober 1862 út tsjinst ûntslein mei de rang fan korporaal fanwegen lichaamlike swierrichheden feroarsake troch in skotwûne yn 'e earm. Nei't er genôch opbettere wie naam DeWolf yn septimber 1864 op 'e nij tsjinst by deselde ienheid, en tsjinne doe oant it rezjimint nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch op 14 juny 1865 opheft waard.
Op 5 oktober 1865 naam DeWolf fannijs tsjinst, no by it Amerikaanske 14e Ynfanteryrezjimint, dêr't er by E Kompanjy yndield wie. Wat dêrnei barde, is ûndúdlik, mar hy moat ûnearfol út tsjinst ûntslein wêze, want op 5 oktober 1868 melde er him ûnder de skûlnamme fan James DeWall oan foar tsjinst op 'e legerbasis Camp Lyon, yn Idaho, dêr't er ferpleechkundige waard. Op 5 oktober 1871 naam DeWolf wer tsjinst, mar no ûnder syn wiere namme. Hy troude op 31 oktober 1871 yn Camp Warner, yn Oregon, mei in Fannie J. Downing, mei wa't er lykwols gjin bern krije soe. Yn septimber 1873 liet er him ynskriuwe foar in stúdzje medisinen oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard, yn Massachusetts, dêr't er op 26 juny 1875 slagge foar syn eksamens en medikus waard.
Op 23 oktober 1875 gie DeWolf wer by it leger, diskear as plakferfangend assistint-sjirurgyn mei de rang fan luitenant. Under de simmerkampanje fan 1876 tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho, dy't diel útmakke fan 'e Grutte Sû-Oarloch, waard er op 21 juny tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Under de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, op 25 juny, makke er diel út fan it detasjemint fan majoar Marcus Reno, dat in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, út it suden wei oanfoel. Dy oanfal waard lykwols troch de Yndianen rislút ôfslein, en de trije kompanjyen fan Reno moasten har yn in gaoatyske weromtocht oer de rivier út 'e fuotten meitsje. Dêrby fûnen 29 soldaten en 3 ofsieren de dea, wêrûnder DeWolf, dy't feitliks deade waard nei't er de rivier al oerstutsen wie.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei ôfrin fan 'e slach waard fêststeld dat DeWolf deade wie troch in skotwûne yn 'e ûnderbúk en seis wûnen yn 'e holle en it gesicht. Hy waard earst provisoarysk op it slachfjild begroeven, mar yn 1877 oerbrocht nei Norwalk, yn 'e steat Ohio, dêr't er werbegroeven waard op it Woodlawn Begraafplak. Syn widdo wertroude op 10 juny 1879 te Waterville mei in Elijah Dodd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaansk soldaat
- Amerikaansk ferpleechkundige
- Amerikaansk dokter
- Noardlik Amerikaansk militêr yn de Amerikaanske Boargeroarloch
- Persoan yn de Grutte Sû-Oarloch fan 1876
- Persoan yn it Wylde Westen
- Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân
- Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Sweedsk komôf
- Persoan berne yn 1843
- Persoan stoarn yn 1876