Norwalk (Ohio)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Norwalk
Lizzing fan Norwalk yn Ohio
Lizzing fan Norwalk yn Ohio
Sifers
Ynwennertal ↓17.012 (2010)
Oerflak 23,70 (22,97 is lân) km²
Befolkingstichtens 740,5 / km²
Hichte 219 m
Polityk
Lân flagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
Steat Flag of Ohio.svg Ohio
County Huron County
Boargemaster Rob Duncan
Oar
Stifting 1817
Tiidsône EST UTC-5
Simmertiid UTC-4
Webside Webside fan Norwalk


Norwalk is in stêd yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Ohio. It is it haadplak fan Huron County. Yn 2010 hie Norwalk in ynwennertal fan 17.012 minsken. Norwalk leit sa'n 18 km besuden Lake Erie en ûngefear yn'e midden tusken de stêden Cleveland en Toledo.

Norwalk yn't nijs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Norwalk kaam yn 1968 yn it nijs om reden fan in gastro-enteritis- epidemy mei in doe noch ûnbekende oarsaak. Earst yn 1972 waard dúdlik dat in firus de feroarsaker west hie dat ynearsten Norwalk-Virus neamd waard en klassifisearre waard as fertsjintwurdiger fan in selstannige groep fan de Caliciviridae; 2002 waard it firus omneamd yn Norofirus.

Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Norwalk, Ohio fan Wikimedia Commons.