Émile Hamonic
Émile Hamonic | ||
Émile Hamonic (l.) mei syn freon Théodore Botrel (2e f. l.) en Paul Barbier en Botrel syn frou Léna op it Keltysk Kongres yn it Welske Caernarfon, yn 1904. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Émile Eugène Louis Hamonic | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 26 augustus 1861 | |
berteplak | Moncontour (Bretanje) | |
stoarn | 24 july 1943 | |
stjerplak | Saint-Brieuc (Bretanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | útjouwer, fotograaf | |
aktyf as | keunstskilder, polityk aktivist | |
jierren aktyf | 1893 – 1922 |
Émile Hamonic (folút: Émile Eugène Louis Hamonic; Moncontour, 26 augustus 1861 – Saint-Brieuc, 24 july 1943) wie in Frânsk útjouwer, fotograaf en keunstskilder fan etnysk Bretonsk komôf. Hy wie ien fan 'e earste útjouwers fan ansichtkaarten, dêr't er gauris sels de foto's foar naam. Hamonic wie ek in Bretonsk nasjonalist en in aktyf lid fan 'e Bretonske Regionalistyske Uny (URB).
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hamonic waard yn 1861 berne yn Moncontour, in doarp besuden Saint-Brieuc yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord (no Côtes-d'Armor). Hy wie de âldste fan njoggen bern yn 'e húshâlding fan in izerwinkelman dy't ek yn antyk meubilêr hannele. Mei syn âldelju gie Hamonic as lyts jonkje al op reiskes troch it omlizzende plattelân fan Bretanje op 'e siik nei gaadlike hannelswaar. Al yn syn jonkheid fette Hamonic in hertstochtlike leafde op foar de fyts, dat doedestiden in nij ferskynsel wie. Hy hie talint foar in protte keunstsinnige dingen, lykas tekenjen, keunstskilderjen, houtfykjen en it bespyljen fan 'e fluit en de sello. Hy gie yn 'e lear by in fotograaf yn Dinard, en nei't er syn tsjinstplicht ferfolle hie, begûn er foar himsels as fotograaf yn Moncontour en letter yn Saint-Brieuc.
Súkses as útjouwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hamonic wie ien fan 'e earsten yn Frankryk dy't de ûntjouwing fan 'e ansichtkaart foarseach. Hy fûn dêryn in kanaal om syn eigen foto's en skilderijen yn grutte oantallen reproduksjes te ferkeapjen, en rjochte dêrfoar yn 1893 yn Saint-Brieuc de útjouwerij Éditions d'art Harmonic ("Keunstútjouwerij Hamonic") op. Dat waard in ûnbidich súkses, mei't yn dy tiid ek krekt it toerisme yn Bretanje opkaam en in protte toeristen mei gragens de pittoreske ôfbyldings op syn ansichtkaarten nei famylje en freonen stjoere woene. Syn ansichtkaarten drage de namme "Hamonic" of soms de ôfkoarting E.H.
Njonken foto's en skilderkeunst reprodusearre Hamonic op syn ansichtkaarten ek faak de populêre lietteksten fan syn freon, de sjonger en lietsjeskriuwer Théodore Botrel. Guon fan Hamonic syn ansichtkaarten waarden yn searjes makke, wêrby't de werjûne dramatyske tablo's mei-inoar it ferhaal fan ien fan Botrel syn lieten útbylden. Ferskate oare ansichtkaarten wiene foto's fan Botrel mei syn frou Léna. Fan 1906 oant 1909 publisearre Hamonic op syn ansichtkaarten de foto's fan Jean-Marie Le Doaré, mei as ûndertekening "Hamonic, cliché Le Doaré". Le Doaré wie doe in fêstige fotograaf, dy't letter syn eigen ansichtkaarte-útjouwerij oprjochtsje soe yn Châteaulin.
Polityk aktivisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hamonic wie ien fan 'e earste leden fan 'e Bretonske Regionalistyske Uny (URB), in nasjonalistyske politike partij dy't yn 1898 oprjochte waard. Hy droech de Bretonske etnyske identiteit út yn syn publikaasjes en wie ek belutsen by de ûntjouwing fan 'e ynternasjonale pankeltisistyske beweging. Sa wenne er mei syn freon Botrel û.m. it Keltysk Kongres by dat yn 1904 yn it Welske Caernarfon organisearre waard. Yn july 1906 wie Hamonic mei Octave-Louis Aubert ien fan 'e inisjatyfnimmers ta it pankeltisistyske histoarysk festival yn Saint-Brieuc. Foar syn polityk aktivisme waard Hamonic beneamd ta eare-bard fan 'e Goursez Vreizh, it genoatskip fan barden fan Bretanje.
Lettere jierren en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1922 rekke Hamonic yn 'e minnichte en wied er sadwaande twongen om mei pinsjoen te gean. Hy droech syn útjouwerij oer oan syn soan Amaury, dy't it bedriuw fuortsette oant syn eigen pinsjonearring yn 1951. Hamonic kaam yn 1943 yn 'e âlderdom fan 81 jier te ferstjerren yn syn wenplak Saint-Brieuc.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Notes et Références op dizze side. |