Ynje (regio)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oranje: Yndysk Subkontinint
Read: East-Ynje
Giel: Irian Jaja

Ynje, ek wol East-Ynje om it te ûnderskiede fan West-Ynje, is de histoaryske namme fan in gebiet yn Aazje. Hokker gebieten krekt wol as net by Ynje hearre feroaret noch wolris. Rûchwei kin wol sein wurde dat it hjoeddeiske Súd-Aazje en Súdeast-Aazje ta it gebiet rekkene wurde. De lannen dy’t dan ûnder it gebiet falle binne:

Yn oare definysjes wurde allinnich de eilannen fan de Yndonesyske Arjipel mei rekkene.[1]

Yn de lette midsieuwen en de renêssânse wie it gebiet bekend as de boarne fan speserijen, dy’t yn Jeropa tige populêr wienen. De hannel yn dizze produkten wie tige foardielich. Tenearsten wie dizze hannel yn hannen fan de Arabieren, dy’t de speserijen nei Egypte brochten, mar neidat fr Portegees Vasko da Gama yn 1498 as earste de seerûte nei Ynje fier, kamen de hannelsrûtes al gau yn hannen fan it Portegeeske koloniale ryk.

Oan de ein fan de 16e ieu kamen de Nederlanners en de Ingelsken yn it gebiet oan. De Eastyndyske Kompanjy yn Ingelân en de Feriene Eastyndyske Kompanjy yn Nederlân waarden stifte, en nei ferrin fan tiid kaam der in ferdieling wêryn de Nederlanners fan Batavia út de Yndonesyske arsjipel behearsken en de Ingelsken it Yndysk skiereilân yn harren macht krigen. Yn de 19e ieu groeiden dizze gebieten út ta twa grutte koloniale riken, Nederlânsk-Ynje en Britsk-Ynje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. East Indies, Britannica