Wurdsiker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wikipedia Wurdsiker
Wurdsiker Alvestêdetocht

In wurdsiker of trochstreekpuzel is in puzel of wurdspul, wêrby't in bepaald oantal wurden fûn wurde moat yn in blok (letterfjild) fold mei letters. Dy wurden kinne fan links nei fan rjochts en fan rjochts nei links skreaun wêze, horizontaal of fertikaal, mar ek diagonaal. Deselde letters kinne meardere kearen brûkt wurde. Faak stiet by de puzel in list fan de wurden dy't fûn wurde moatte, mar der besteane ek farianten wêryn't de spiler sels sykje moat om de wurden te finen. De wurden fan in puzel hawwe meast mei in tema te krijen (bygelyks de wurdsiker oer de wikipedia hjirnjonken. It bart ek wol dat it tema en de foarm fan de puzel mei elkoar te krijen hawwe, lykas de wurden oer de Alvestêdetocht op in Alvestêdekrúske. Faak foarmje de oerbliuwende letters, dy't dus net trochstreke binne, de oplossing fan de puzel.

Wurdsikers steane krektas krúswurdpuzels faak yn kranten en tydskriften. Sa steane der wurdsikers yn de Friesland Post en it magazine fan It Fryske Gea. Trochstreekpuzels wurde ek wol brûkt as lesmateriaal by it learen fan de stavering. Der besteane ek websiden dêr't online wurdsikers makke wurde kinne.

De wursiker is betocht en foar it earst publisearre troch Norman E. Gibat in the Selenby Digest op 1 maart 1968. Yn Nederlân wie it M. Sanders dy't de wurdsiker yntrodusearre yn syn Puzelboeken. Ein jierren tachtich ferskynden ek Fryske wurdsikers yn puzelboekjes.

In strategy foar it oplossen fan in wurdsiker is om de begjinletter fan it wurd te sykjen, en fan dy letter út yn elke mooglike rjochting te sjen oft it wurd foarme wurdt. In oare strategy is te sykjen nei letters út in wurd dy't net faak foarkomme, en dus net sa faak yn it letterfjild stean sille. Foarbylden hjirfan binne de Y, X en Q.

In fariant op de wurdsiker is de kronkelwurdsiker. Hjiryn steane de letter fan de puzel njonken elkoar, mar op sa'n manier dat der bochten makke wurde moatte om de wurden te foarmjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: