Hynstesprong

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hynstesprong
H D J
R > Y
N E E

In hynstesprong is in puzel wêrby't it wurd rieden wurde moat mei help fan in oanjûn fjouwerkant mei njoggen hokjes.

It oplossen fan de hynstesprong fan 3 x 3 hokjes is ienfâldich: It pylkje jout de rjochting oan, yn dit gefal mei de klok mei, nei rjochts. Nei de earste letter folgje der twa hokjes dy't oerslein wurde moatte. Dan wurdt de folgjende letter deroan plakt. Troch hielendal rûn te gean, ûntstiet stadichoan it wurd.

De H is de startletter (sjoch hjirnjonken). De D en J wurde oerslein, wêrneist útkomst by de Y. Dêrnei de E ensfh. Uteinlik ûntstiet it wurd: HYNDERJE.

De namme komt út it skaakspul, wêryn it hynder op dizze manier fersetten wurde moat: ien rjocht en dan ien skean (of ien skean en dan ien rjocht).