Wrâldhannelsorganisaasje

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De Wrâldhannelsorganisaasje (Ingelsk: World Trade Organization, WTO) is in yntergûvernemintele organisaasje dy’t tasjoch hâldt op it neilibjen fan ôfspraken oer hannel tusken lannen. In soad fan dy ôfspraken binne fan belang foar it ynternasjonale saken dwaan. De organisaasje waard op 1 jannewaris 1995 stifte en is fêstige yn Genêve, Switserlân. Op it stuit is Pascal Lamy de Direkteur-Generaal fan de WTO.

Nederlân is aktyf belutsen by it ûnderhanneljen. De steatssekretaris fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken is de ferantwurdlik bewâldspersoan.

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wrâldhannelsorganisaasje waard stifte op 1 jannewaris 1995 en komt fuort út de General Agreement on Tariffs and Trade (de GATT, Algemiene Oerienkomst oer Tariven en Hannel) dy’t yn 1947 yn Genêve ûndertekene waard troch 23 lannen. It haadkantoar fan de Wrâldhannelsorganisaasje stiet ek yn Genêve.

It wurk fan de WTO leit op it mêd fan it befoarderjen fan ynternasjonale hannel, it oplossen fan hannelskonflikten en it opheffen fan hannelsbarriêres. De kearnfilosofy fan de organisaasje is dat ynternasjonale hannel de bêste en fluchste wize is om de wrâld tieriger te meitsjen en dat dêrom alle tûkelteammen foar de ynternasjonale frijhannele fuorthelle wurde moatte.

Mei 149 lidsteaten en tritich aspirant-leden, fertsjintwurdige de WTO yn 2002 95% fan de wrâldhannel. Tweintich moanne nei de stifting fan de WTO wienen der al 122 lidsteaten. No, yn 2011, binne der al 153 lannen dy’t oan de ynternasjonale hannel meidogge en binne der 30 aspirant-leden.[1]

Lidsteaten fan de WTO moatte harren hâlde oan de easken dy’t steld binne yn it WTO-akkoard. Dit akkoard giet oer de hannel yn guod, tsjinsten en aspekten fan yntellektueel eigendom. WTO konsintrearret syn warberens om sechtsjin saken. Dit binne lânbou, konkurrinsje, ûntwikkelingslannen, subsydzje en dumping, hannel yn tsjinsten, miljeu, yndustryguod, TRIP’s (yntellektueel eigendom), ynvestearrings, oerheidsoankeapen, hannelsstipe, technyske hannelsbehindering, oplossen fan skelen, nije lidden, WTO-regels en konkurrinsje en hannel.[2]

Organen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wrâldhannelorganisaasje hat trije primêre organen. De Ministeriële Konferinsje, de Algemiene Ried en it Siktariaat. De WTO is eins in fêst ûnderhannelingsplatfoarm, mei it haadkantoar yn Genêve, dat wol in staf en in burokrasy hat, en is dus in organisaasje lykas de ITO bedoeld hie. De liberalisearring fan de wrâldhannel fynt plak yn saneamde ûnderhannelsomgongen of wrâldhannelomgongen.

  • De Ministeriële Konferinsje is it heechste orgaan en komt op syn minst om de twa jier gear.
Gearkomsten Ministriële Konferinsje
Nû. Plak Tiid
1 Singapur 9-13 desimber 1996
2 Genêve 18-20 maaie 1998
3 Seattle 30 novimber3 desimber 1999
4 Doha 9-13 novimber 2001
5 Cancún 10-14 septimber 2003
6 Hongkong 13-18 desimber 2005
7 Genêve 30 novimber-2 desimber 2009
  • De Algemiene Ried yn Genêve komt regelmjittich tusken de ministriële konferinsjes gear. De Algemiene Ried hâldt tafersjoch op it lidwurdingsproses fan nije leden fan de wrâldhannelsorganisaasje. Fierders hat de Algemiene Ried de lieding oer de spesjale rieden fan de GATT, GATS en TRIPS. It ferskil mei de ministriële konferinsje is net de gearstalling, mar it foech fan de fertsjintwurdigers.
  • It Siktariaat fan de wrâldhannelsorganisaasje is in riejouwer foar de ministiële konferinsje en de algemiene ried. De funksje fan Direkteur-Generaal is ûnderdiel fan it Siktariaat. Sûnt 2005 is Pascal Lamy de Direkteur-Generaal fan de wrâldhannelsorganisaasje.

Underhannelingsomgongen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it stuit is de WTO dwaande mei de Doha-omgong, dy’t fan start gie yn 2001. Dizze omgong moast eins yn 2004 klear wêze, mar op woansdei 2 desimber 2009 wie der noch gjin beslút foarme by de 7e Ministeriële Konferinsje yn Genêve. De 8e Ministeriële Konferinsje sil yn novimber/desimber 2011 (neffens alle wierskyn wer yn Genêve) plakfine.

De neikommende omgongen hawwe der west:

Wrâldhannelomgogen/ûnderhannelingsomgongen
Nû. Omgong Jier(ren)
1 Genêve-omgong 1947
2 Annecy-omgong 1949
3 Torquay-omgong 1950-1977
4 Genêve-omgong II 1956
5 Dillon-omgong 1960-1962
6 Kennedy-omgong 1962-1967
7 Tokyo-omgong 1973-1979
8 Uruguay-omgong 1986-1994
9 Doha-omgong 2001-...
De omgongen oant 1994 wienen ûnder it bewâld fan de GATT.

Alle twa jierren komme de lidsteaten in kear byelkoar yn it ramt fan dizze omgongen; dat binne de Ministeriële Konferinsjes. Der wurdt dan besocht ta mienskiplike regels te kommen oer nije liberalisearings fan hannel en it werombringen fan behinderings foar hannel. De Ministeriële Konferinsje is it wetjouwende orgaan fan de WTO en dêrmei is de WTO dus in organisaasje dy’t rigels foarskriuwt en wetten makket dêr't syn leden harren oan hâlde moatte.

GATT[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De WTO komt fuort út de eardere GATT, dat nea as doel hie in organisaasje wêzen, mar inkeld as in ferdrach dat ûnderbrocht wurde soe ûnder de Ynternasjonale Hannelsorganisaasje (ITO, International Trade Organization). De GATT bleaun nei it falen fan de ITO in wichtige platfoarm foar it ûnderhanneljen oer it werombringe fan ynfierbehindering yn de foarm fan dûanetariven. Yn de tiid fan de Urûgûay-omgong is de WTO stifte, omdat de GATT net langer foldie. Fan it begjin ôf waarden by de GATT lânbou, grûnstoffen en tsjinsten bûten beskôging litten. Boppedat wie der gjin rjochtbank of soks sawat om oertrêdings oan te pakken. It wie in multylateraal ferdrach, dat der waard allinnich aksje ûndernaam as alle lidsteaten dat woenen. De GATT is dan ek ien fan de ûnderlizzende WTO-ferdraggen. Nije liberalisearrings oer tsjinsten, yntellektuele eigendomsrjochten en ynvestearrings, koenen net behannele wurde yn de GATT. Dêr wienen ôfsûnderlike ferdraggen foar, bygelyks de GATS. Mei it stiften fan de WTO waarden dizze ferdraggen gearfoege en koe in lidsteat net langer it iene ferdrach al, mar it oare ferdrach net ûndertekenje. Mei it ûndertekenjen fan it nije stiftingsferdrach fan de WTO ferplichten de lidsteaten harren ta alle ferdraggen en wurde sûnt dy tiid al dizze ferdraggen as ien beskôge.

Ferskillen mei de GATT[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferskil fan de WTO mei de GATT is benammen in grutter ynternasjonaal skriuwerskip, 629 meiwurkers[3], it tal sektoaren dêr't oer ûnderhannele wurdt, en de mûglikens binnen de WTO foar lidsteaten om oare lidsteaten oan te kleie fanwegen it oertrêden fan WTO-regels. De WTO hat dêr in skelekommisje foar, de Dispute Settlement Body. By dit orgaan kinne lidsteaten ôftwinge dat nije hannelsbehinderings ûngrûndearre ferklearre wurde, wêrnei’t se tsjinmaatregels nimme meie yn de foarm fan rjochtfeardige hannelsbehinderings ta hichte fan in beskaat bedrach. By de GATT wie der ek in skelekommisje, mar útspraken hjirfan koenen blokkearre wurde en wienen minder yngeand.

Leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lidsteaten fan de Wrâldhannelsorganisaasje.

De WTO hat op it stuit 153 leden, lykas: De Feriene Steaten, Japan, Sina en alle lidsteaten fan de Europeeske Uny. De Oekraïne is op 16 maaie 2008 as 152e lid by de WTO kaam, Kaapverdje waard op 23 july 2008 it 153e lid. De hannel tusken de lidsteaten beslacht mear as 90 persint fan de wrâldhannel. Steaten dy't net lid binne meitsje foar in part diel út fan de eardere Sowjetuny en it Heine Easten. Ruslân is de grutste ekonomy dy't gjin lid is fan de WTO, as Ruslân al lid wurde soe is Iran de grutste ekonomy sûnder WTO-lidmaatskip. Op it stuit binne der 30 lannen mei observatorstatus, dy't (útsein Fatikaanstêd) binnen fiif jier mei in petear begjinne moatte oangeande it folsleine lidmaatskip. It lid wurden is yn kêst XII fan de WTO-oerienkomst fêstlein. By it lid wurden of nei it ferstriken fan in bepaalde oergongstermyn moat der foldien wêze oan de betingsten fan it WTO-ferdrach. It lidmaatskipsbeslút moat troch in twa-tredde mearderheid yn de Ministeriële Konferinsje besletten wurden.

De Europeeske Uny is los fan syn lidsteaten ek lid fan de WTO. De EU fertsjintwurdiget de mienskiplike belangen fan syn lidsteaten. De funksjonaris dy't út namme fan de EU saken docht mei de wrâldhannelsorganisaasje is de EU-hannelskommissaris, of ien fan de EU-lidsteaten dy't in fertsjintwurdiger út namme fan de hannelskommissaris stjoert. Ornaris wurde de besluten fan de wrâldhannelsorganisaasje yn konsensus makke, as der in demokratysk mearderheidsbeslút komme moat hat de EU it stimrjocht fan al syn 27 lidsteaten. De EU is wol lid mar hat sels gjin stim by in demokratysk mearderheidsbeslút.

Beslútfoarmjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de struktuer fan de WTO nimme de lidsteaten besluten oer it liberalisearjen fan de hannel dy’t jilde moatte foar alle leden. De WTO is eins in foarum.

It beslútfoarmjen fan de WTO bart benammen yn it haadkantoar yn Genêve, dêr’t ek de Algemiene Rie syn sit hat, dy bestiet út ambassadeurs en haden fan delegaasjes.

Yn ferskate wurkgroepen, bygelyks de Guod Rie, Tsjinsten Rie en de Yntellektuele Eigendom Rie, ûnderhannelje de bliuwende ôffeardigen oer tariedings foar de twajierlikse Ministeriële Konferinsjes.

Dêrnjonken binne der tal fan ûnderwerpen en komitees oer ûnder oaren hannel en miljeu, hannel en ûntwikkeling en it lid wurden fan nije leden.

Tariedend op de Ministeriële Konferinsjes binne der yn it ferline minykonferinsjes hâlden, dêr’t troch hegere ôffeardigen fan in beskaat groepke lidsteaten oer de ûntwerpteksten ûnderhannele waard. Dit hat plak as de minsken yn Genêve sels der net út komme en der gjin oerienstimming is oer in ûnderhannelingstekst foar de Ministeriële Konferinsjes.

Krityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Protesten by de WTO-gearkomste yn 2005 yn Hongkong.

Ien fan de kritiken op de WTO is harren wize fan arbeidzjen. It beslútfoarmingsproses is net dúdlik en net demokratysk. Ek de GATT krige earder dizze krityk. Yn teory hawwe alle lidsteaten in like stim, mar alhoewol’t offisjeel mooglik, is stimmen noch nea foarkommen. Fierders wurdt by in lidsteat dy’t him by in gearkomste net tsjin in foarstel útsprekt automatysk der fan út gien dat dy foar it foarstel is.

Dizze foarm fan oerienstimmen hat plak bûten de formele gearkomsten. Dit ynformele oerlis wurdt lykwols beskôge as needsaaklik en eigen oan de WTO.

It doel fan de WTO is om de frijhannel te ferbetterjen en ekonomyske groei foar elkoar te krijen. Krityske minsken sizze dat frijhannel laat nei in ferskil en net nei it tichter by elkoar kommen fan de leanen yn de wrâld. Martin Khor, foarsitter fan it Third World Netwerk, fynt dat de WTO de wrâldekonomy net ûnpartidich bewâldet, mar dat it rike lannen en grutte westerske bedriuwen foarlûkt, wêrtroch lytsere lannen minder macht hawwe binnen de WTO.

Guon minsken fine dan ek dat de WTO net in demokratyske organisaasje is. Alhoewol’t alle lannen ien stim hawwe, leit de macht by de trije grutte ekonomyske machten, de Feriene Steaten en Kanada, Japan en de Jeropeeske Uny. Dizze lannen hâlde de macht binnen de WTO omdat guon earmere lannen net it jild en de minsken hawwe om harren op eltse beslissing fan de WTO ta te rieden. [4]

Dêrnjonken komt soks ek foar by de skelekommisjes. Dy kommisjes meitsje binende ôfspraken en kinne bekeurings oplizze fan hûnderten miljoenen euro’s. In soad lannen kinne sokke hege bedraggen net betelje, of hawwe de kennis net om in saak ta te riede. Boppedat soenen guon kommisjeleden dûbele belangen hawwe yn guon saken. [4].

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: World Trade Organization – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Members and Observers, WTO (sjoen op 9 desimber 2009)
  2. WTO - Achtergrond, Ministearje fan Ekonomyske Saken (sjoen op 9 desimber 2009)
  3. Overview of the WTO Secretariat, WTO (sjoen op 9 desimber 2009)
  4. 4,0 4,1 Wat is de WTO?, Stelling.nl (sjoen op 9 desimber 2009)