Willem fan Rubroeck

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De rûte dy't Fan Rubroeck tusken 1253-1255 folge

Willem fan Rubroeck, ek Willem fan Ruysbroek (±1210 - 1270) wie in Flaamske fransiskaan en ûntdekkingsreizger. Syn namme wurdt yn de Nederlânske taal op ferskate wize stavere: Ruysbroeck, Rubroek, Ruysbroek, Roebroeck, Rubroeck, Roebroek, Rubruck, Ruysbrock, Ruysbrok, Rubruquius en is ek oerlevere as "Guillaume de Rubrouck". Hy kaam fan Rubroek (Rubrouck), dat no yn Frânsk-Flaanderen leit, ticht by Kassel. Van Rubroeck wie yn 1253 de fjirde Jeropeeske gesant dy't it Mongoalske hof berikte, earder wiene Giovanni Da Pian del Carpine en Nicolas Ascelin (1245) en André de Longjumeau (1249) him foargien. Fan syn reis hat Willem fan Rubroeck in ferslach makke.

Misje[bewurkje seksje | edit source]

Willem gie mei kening Loadewyk IX fan Frankryk op de Sânde Krústocht yn 1248. Op 7 maaie 1253, gie er op befel fan Loadewyk fan Konstantinopel út op reis om de Tataren te bekearen. Hy folge de rûte fan de earste reis fan de Hongaarske muonts Broer Julian. Yn it reisselskip fan Willem wiene fierders Bartolomeo da Cremona, in betsjinder mei de namme Gosset, en de oersetter Homo Dei ("man fan God", in letterlike oersetting fan it Arabyske Abdullah).

Reizen[bewurkje seksje | edit source]

Nei't er de stêd Sudak op de Krim berikt hie, reizge er mei syn oksen en weinen fierder. Njoggen dagen nei't er de rivier de Don oerstutsen wie moete er Sartak Kaan, de hearsker oer it Kiptsjak Kanaat. De Kaan stjoerde Willem nei syn heit, Batoe Kaan yn de stêd Sarai by de Wolga, dêr't er nei fiif wiken oankaam. Batoe, de Mongoalske hearsker oer de Wolga-krite, wegere him bekeare te litten, mar stjoerde it gesantskip troch nei de Grut Mongoal Mangoe Kaan. Op 16 septimber 1253 waard útein set op hynders foar in reis fan 9.000 km nei it hof fan de Grutte Kaan yn Karakorum. Sy waarden dêr hoflik ûntfongen en bleaune dêre oant 10 july 1254. Doe begûn de weromreis.

Willem en syn selskip kamen op 15 augustus 1255 yn de Krúsfearders-steat Tripoly oan. Dêrmei wie de fjirde Jeropeeske misje nei de Mongoalen ta in ein kaam. Kening Loadewyk krige nei oanlieding fan dizze reis it plan foar in folgjende doe't er hearde dat der twa Nestoariaanske Kristenen oan it Mongoalske hof tahâlden.

It ferslach[bewurkje seksje | edit source]

Willem lange de kening in tige helder en presiis rapport oer mei de titel Itinerarium fratris Willielmi de Rubruquis de ordine fratrum Minorum, Galli, Anno gratia 1253 ad partes Orientales.

Hy beskriuwt de eigenaardichheden fan de Mongoalen, mar docht ek ferslach fan geografy en joech dêrmei it earste wittenskiplike beskriuwing fan Sintraal Aazje. Fierders ferslacht er antropologyske wiernimmings sa as de oanwêzigens fan de Islam yn binnen-Aazje[1]

Willem makke mei syn reis ek dúdlik dat de Kaspyske See in binnensee wie en yn it noarden net mei de Poalsee ferbûn wie; Skandinavyske seefarders sille dat grif al witten hawwe (sjoch: Ottar), mar Van Rubroeck skriuwt it foar it earst op.

Willem's ferslach is ferdield yn 40 haadstikken. De haadstikken 1-10 ferhelje algemiene wiernimmings oer de Mongoalen en harren brûkmen. Haadstik 11 oant 40 dogge ferslach fan de rûte en foarfallen fan de reis.

Willem fan Rubroeck syn ferslach is in masterwurk fan midsieuske geografyske literatuer, te fergelykjen mei dat fan Marco Polo, hoewol't sy tige ferskillend binne. Willem wie in goed observator en in treflik skriuwer. Hy frege ek in soad en naam folksferhalen en fabels net samar foar wier oan.

Op seker stuit rekket Willem fersile yn in ferneamd debat, tusken Kristenen, Boedisten en Islamiten, oan it Mogoalske hof. Dat waard organisearre troch de Kaan om út te meitsjen wat no it wiere leauwe wie. Trije rjochters moasten dat bepale, ien fan elts leauwe. It debat kaam in hiele kloft minsken op ôf en sa't wenst wie by de measte Mongoalske gearkomsten waard der in protte alkohol dronken. Jack Weatherford skriuwt yn syn boek Genghis Khan and the Making of the Modern World:

'Se koenen inoar net oertsjûgje. Uteinlik, doe't de alkohol syn wurk begûn te dwaan, besochten de Kristenen net langer te oertsjûgjen en giene hja oer op sjongen. De Moslims songen net, mar begûnen lûd út de Koaran te resitearjen en woene sa de Kristenen oerstimme; de Boedisten giene oer ta stille meditaasje. Oan de ein fan it debat, doe't eltsenien te dronken wie om óf inoar te bekearen óf inoar te fermoardzjen, waard besluten om dan mar fierder te sûpen, sa't de measte Mongoalske feesten einigen'. [2]

Belang[bewurkje seksje | edit source]

Fan Rubroecks wurk is noch hieltyd in wichtige boarne oer de geografy en demografy fan doetiidsk Sintraal-Aazje. It waard ûnder oaren brûkt troch Alexander fan Humboldt, en it waard ferskillende kearen oerset en werprinte.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia en.
  1. De Weese, Devin A.Islamization and Native Religion in the Golden Horde; Penn State Press, 1994. isbn=0-271-01073-8, side3
  2. Jack Weatherford, Genghis Khan and the Making of the Modern World, side173