Don (Ruslân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Streamkrite fan de Don
De Don yn oblast Voronesj

De Don (Russysk: Дон) is in rivier yn it suden fan Europeesk Ruslân fan 1870 kilometer langte. De streamkrite beslacht 443.000 km². De langste sydrivieren binne de Severski Donets fan 1053 km en de Chopor mei in lingte fan 979 km.

De Don ûntspringt yn it oblast Toela besuden Moskou. De rivier rint nei it suden en beskriuwt yn syn ûnderrin in wide eastlike bôge. Op dat plak de Don ticht by de Wolga, dêr't sy sûnt 1952 troch it Wolga-Donkanaal mei ferbûn is. Itselde jier waard de justjes súdliker Opslachmar Tsimljansk oanlein.

It lêste stik rivier rint yn súdwestlike rjochting. By de útmûning yn de Golf fan Taganrog (See fan Azov, Swarte See) leit in delta mei trije earms dy't befarber binne. Oan it begjin fan de delta leit de stêd Rostov oan de Don (Rostov na Donoe), teffens fierwei it grutste plak oan de Don.

De Don hat har namme jûn oan de Don-Kozakken, in grut en ferneamd kozakkefolk, dat har yn de 16e en 17e ieu oan de iggen fan de rivier festige.

Yn de âldheid hjitte de Don Tanais. De rivier ward destiids as de eastgrins fan Europa beskôge; no is dat it Oeralberchtme.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]